Rely Jorritsmapriisfraach 2011

febrewaris 5, 2011 12:20

Rely Jorritsma waard yn 1905 yn Jellum berne, as soan fan in ryk man. Rely ferstoar jong oan multiple sclerose; hy is mar 47 jier wurden. Om de Fryske literatuer te stimulearjen, skreau Rely Jorritsma yn syn testamint dat der jild bestimd wurde soe foar jierlikse prizen foar de bêste Fryske gedichten en koarte ferhalen.

De Fryske Bibleteek waard ferantwurdlik foar it Rely Jorritsma Fûns. Doe’t de Fryske Bibleteek yn 1979 sluten waard, krige de gemeente Baarderadiel de ferantwurdlikheid en sûnt de weryndieling fan 1984 foarmet it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Littenseradiel it bestjoer fan it fûns.

Ek dit jier wurdt de priisfraach útskreaun. Yn ’e beneaming komme oarspronklike gedichten en koarte ferhalen yn it Frysk. De ferhalen meie 2000 oant 5000 wurden telle en kinne ek ornearre wêze foar bern. In bekroand fers wurdt honorearre mei in jildbedrach fan € 200,- en foar in winnend ferhaal is de priis in bedrach fan € 800,-.
It bestjoer wol foaral ek begjinnende skriuwers stimulearje. Boppedat hat de sjuery de mooglikheid om in ‘blyk fan wurdearring’ oan in fers of in ferhaal ta te kennen.

Spulregels foar it ynstjoeren

Op de slúf oanjaan oft it om in G(edicht) of in F(erhaal) giet;
De bydrage moat typt en yn fjouwerfâld opstjoerd wurde;
De priisfraach is anonym en bliuwt dat foar dyjingen dy’t gjin priis winne. Dêrom moat der op de bydrage sels dúdlik in motto/pseudonym fermeld wurde;
It motto/pseudonym mei jo namme, adres, wenplak en biografyske gegevens op in A4 skriuwe en der by ynslute;
It wurk mei net earder ferspraat of publisearre wêze;
Net mear as ien gedicht en/of ien ferhaal ynstjoere;
Jo bydrage wurdt net weromstjoerd;
Oer de útslach kin net korrespondearre wurde.
It earste publikaasjerjocht fan de bekroande ynstjoerings komt oan it bestjoer fan de Stichting Rely Jorritsma Fûns, sûnder dat der apart noch wer foar betelle wurdt. As it bestjoer net binnen it jier nei de publikaasje fan de útspraak fan de sjuery fan dat rjocht gebrûk makket, ferfalt it wer oan de skriuwer.

De sjuery wurdt foarme troch Klaske Jaspers (foarsitter) en Doete Venema. It is noch net bekend wa’t it tredde sjuerylid wêze sil. De priisútrikking sil wêze op sneon 1 oktober 2011.

Wa’t meidwaan wol oan de priisfraach fan it Rely Jorritsma Fûns moat syn of har bydrage fóár 1 maaie 2011 ynstjoere nei:

Rely Jorritsma Fûns
Gemeente Littenseradiel
Postbus 1
8730 AA Wommels

Mear ynformaasje kinne jo krije by Lys Scarse, tillefoan (0515) 334461 of e-mail: l.scarse@littenseradiel.nl.

febrewaris 5, 2011 12:20
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.