Petear mei Liskje Flapper

febrewaris 3, 2011 10:46

In petear mei Liskje Flapper. Sy is kandidaat steatelid foar de FNP.

Jo steane op de list fan de FNP. Wêrom steane jo op dizze list en net op in list fan de oare partijen?
Ik stean op de list fan de FNP omdat dy partij it tichtst by de minsken stiet en it bêste foar de belangen fan de ynwenners fan Fryslân opkomt. De FNP giet út fan libbene mienskippen yn ‘e stêd en op it plattelân dy’t sels safolle mooglik te sizzen hawwe moatte oer har eigen takomst. De FNP sjocht de wearde fan saken dy’t Fryslân unyk meitsje sa as it lânskip, de Fryske taal en kultuer en mienskipssin. It giet dêrby om in libbene mienskip dy’t mei de tiid meigiet. Fryslân is dêrby net in eilân op himsels. De FNP stiet iepen foar gearwurking binnen Nederlân en Europa. Mei-inoar wurkje oan in eigensinnich, selsbewust Fryslân, dat is wat my yn de FNP oansprekt.

 Mei ratifikaasje fan it Europeeske Hânfêst fan Regionale en Minderheidstalen hat Nederlân ferplichtings op him nommen oangeande de Fryske taal op it mêd fan ûnderwiis en media benammen radio en tv. Dêrmei is de ryksoerheid ferantwurdlik foar de útfiering fan dizze ferplichtings en kin him net ferskûlje efter legere oerheden. It Komitee fan Eksperts fan de Ried fan Europa konkludearret oant trije kear ta dat Nederlân net foldien hat oan syn ferplichtings oangeande it foarskoalsk, primêr en sekundêr ûnderwiis en jout it driuwend advys oan de ferplichtings oangeand it ûnderwiis en de media te foldwaan. Watfoar stappen sille jo en jo  partij nimme dat Nederlân wol oan syn ynternasjonale ferplichtings oangeande it Frysk yn ûnderwiis en media foldwaan sil?
 
Mei de ratifikaasje fan it Europeeske Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen hawwe Ryk en provinsje in belied ûnderskreaun dat derop rjochte is dat in aardich part fan de lessen op de basisskoallen yn it Frysk jûn wurde. Yn ‘e praktyk is dêr noch net folle fan op ‘e hispel kommen. It Ryk moat dêrop ferge wurde en moat him mear ynsette om oan de ferplichtings fan it Europeesk Hânfêst te foldwaan. Der moat mear wurk makke wurde fan it posityf nei bûten ta bringen fan de foardielen fan meartaligens. Mear omtinken foar it Frysk hoecht net op kosten fan it Nederlânsk en oare fakken yn it ûnderwiis te gean. Troch Frysk as fiertaal te brûken by oare fakken snije dy fakken net ûnder en troch in positive transfer nei it Nederlânsk te lizzen kinne de beide talen inoar fersterkje. Wy wolle ús ynsette foar mear twa- en trijetalich ûnderwiis mei Frysk as fiertaal by in part fan de lessen. 

Wat is de miening fan jo en jo partij oer it opheffen fan de provinsjes en/ of it gearfoegjen fan provinsjes ta lânsdielen? It opheffen fan de provinsje Fryslân is yn striid mei boppeneamd Hânfêst en in bedriging foar it Frysk. Is jo partij fan miening dat Fryslân as selsstannige provinsje bestean bliuwe moat? Sa ja, hokfoar stappen sille dêrta nommen wurde troch jo en jo partij. Sa nee, fine jo dat de provinsje mear foech ha moat. Bygelyks oer it ûnderwiis (kommisje Hoekstra)  
 
De FNP is fan betinken dat Fryslân as selsstannige provinsje bestean bliuwe moat. Sterker noch: de provinsje moat krekt fersterke wurde: Provinsje Plus. Dat kin troch de provinsje mear foech en middels te jaan op ferskate terreinen. Dat jildt bygelyks foar taal en kultuer, mar ek foar romtlik en ekonomysk belied. Wy binne dêrby benijd mei de útstellen dy’t de  kommisje Hoekstra dwaan sil wat it delegearjen fan foech fan taal en kultuer fan Ryk nei provinsje oanbelanget.

 Hoe steane jo en jo partij ûnder de trijetallige skoalle? Moat hjir mear yn ynvestearre wurde troch de provinsje?
 De trijetalige skoalle is in goed inisjatyf en moat stipe wurde. In skoalle dy’t kwaliteit leverje wol tinkt nei oer hoe’t it mei talen omgiet en dat docht in trijetalige skoalle. It is wichtich dat bern har goed yn har eigen taal ûntjaan kinne. In goede behearsking fan de memmetaal hat in positive útwurking op it learen fan oare talen. Foar de iepen hâlding dy’t wy nei de rest fan Nederlân en de wrâld neistribje is in goede behearsking fan it Nederlânsk en it Ingelsk fan belang. De trijetalige skoalle jout dy trije talen allegearre har gerak troch se alle trije as fiertaal te brûken. Taal learst it bêste as dy net allinne as fak oanbean wurdt, mar ek as fiertaal by oare fakken brûkt wurdt. Om de trijetalige skoalle ta in súkses te meitsjen sil der ynvestearre wurde moatte yn de saakkundigens fan de learkrêften, it ûntwikkeljen fan in goede meartalige didaktyk en learmiddels yn de trije talen.

As jo partij kieze moat it jild te besteegjen oan útwreiding fan wegen en spoar of oan it fersterkjen en befoarderjen fan heger ûnderwiis en wittenskiplike ynstituten sa as bygl. HBU, Universiteit Campus, Wetsus, Fryske Akademy wêr kieze jo en jo partij dan foar en wêrom? As ús partij kieze moat tusken it jild besteegje oan útwreidzjen fan diken en spoar of oan it fersterkjen en befoarderjen fan heger ûnderwiis en wittenskiplike ynstituten, dan kieze wy foar heger ûnderwiis en wittenskiplike ynstituten.
Mear diken is op dit stuit net echt nedich, want mei de projekten dy’t no yn útfiering komme, kin Fryslân de kommende jierren wol foarút.
Fersterkjen en befoarderjen fan wittenskiplik ûnderwiis hat wol in mearwearde. Sa kinne wy de jongerein hjir perspektyf biede op in goede oplieding. Dat is goed foar de ekonomy en in middel tsjin de saneamde braindrain. In eigen universiteit soarget foar heechweardige wurkgelegenheid. Troch nije minsken te lûken komme der ek nije ideeën yn. Ynnovaasje en oansluting mei it bedriuwslibben binne dêrby fan belang. Wichtich is wol dat Fryslân sels wat te sizzen hâldt oer heger en wittenskiplik ûnderwiis en dat it in struktureel plak kriget. Filialen fan oare hegeskoallen en universiteiten hâlde it gefaar yn dat dy har ynstellingen weromlûke as de finansjele middels krapper wurde en dan kin Fryslân de wittenskiplike ynstituten ek maklik wer kwyt reitsje.

In karakteristyk lânskip is út it eachpunt fan sawol kultuer, natuer as toerisme in ekonomysk belang. Hoe sil jo partij him foar it behâld en it fersterkjen dêrfan ynsette?
 It iepen lânskip fan de Greidhoeke, it beamtegrien fan de Wâlden, de bosken fan Gaasterlân, de romte fan it Waad, de marren yn de Súdwesthoeke, Fryslân hat in eigen, unyk lânskip dêr’t wy noed foar stean moatte. It is de hin mei de gouden aaien. Goed foar toerisme, wenjen en wurkjen.

Wy moatte hoeden omgean mei ús lânskip. By it oanlizzen fan nije diken moat goed sjoen wurde nei nut en needsaak. Dat jildt ek foar bedriuweterreinen. As der op besteande terreinen noch plak of leechstân is, dan hoege der gjin nije terreinen by. Wurdt der al nij boud, dan moat dat lânskiplik goed ynpast wurde. Foar it bouwen fan nije pleatsen  binne de rjochtlinen fan de nota “De nije pleats” fan belang.

Mochten jo keazen wurde ta steatelid, wêr sille jo jo persoanlik foar ynsette? Wêrom moatte se op jo en jo partij stimme?
Foar de minsken yn Fryslân moat it hjir noflik wenjen, wurkjen en rekreëarjen wêze. Ik wol my benammen ynsette foar de leefberens yn doarp en stêd troch behâld fan foarsjennings sa as skoallen, soarchynstellings, mienskipshuzen, sportfjilden, fytspaden en goed tagonklik iepenbier ferfier.

Us lânskip moatte wy net ferrommelje litte. As wy der net om tinke ferdwine âlde karakteristike pleatsen yn rap tempo. Regelingen sa as subsydzje foar it opknappen fan boereskuorren wol ik dan ek fan herte stypje..

 

febrewaris 3, 2011 10:46
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes febrewaris 7, 22:30

    Ik hoopje dat de FNP de grutste partij wurdt fan dizze provinsje. Dizze provinsje is lykas de oaren yn de Nederlannen tige wichtich en: nea opheffe! Wol kin der noch mear gearwurking komme tusken de trije, Fryslân, Grinslân en Drinte. Ek moat de NHL útwreidzje nei in echte universiteit. De namme moat dan ek oars wurde: FHL. En trijetalich lesjaan op ‘e FHL. Mei de klam op it Frysk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.