Osborne lit banken bliede
Resint ferskynd
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Presintaasje streektalemanifest ‘Prachtig plat’ 0
- Fernijd Iepen Mienskipsfûns (IMF) ynvestearret 12 miljoen yn Fryske mienskip 0
- Oekraïne hat nei goed njoggen jier Krimskatten werom 2
- Skriuw in brief yn it Frysk Museum en feroarje in libben 0
It Ingelske regear sil in ekstra belesting yn ien kear trochfiere yn stee fan mei ferdrach. London kiest op sa’n manier foar de konfrontaasje en de hurde oanpak om sadwaande it ferleegjen fan bonussen ôf te twingen. Banken lykas Barclays, HSBC, en de Ingelske dielen fan Goldman Sachs en Deutsche Bank moatte dit jier yn ien kear 2,95 miljard euro ekstra belesting betelje.
De Ingelske minister fan finânsjes, George Osborne, wol dêrmei berikke dat de banken mear útliene oan lytste en middelgrutte bedriuwen. It jild hjirfoar moat frijmakke wurde út it ferleegjen fan bonussen. Boargers yn it Feriene Keninkryk binne breinroer oer dizze bonussen en hâlde de banken ferantwurdlik foar de hjoeddeiske krisis.
Neffens Osborne sil de ekstra belesting ek it Ingelske begruttingstekoart fan 189 miljard euro ferleegje. It regear hat yn ‘e tiid fan de krisis tsientallen miljarden útjûn om banken lykas Royal Bank of Scotland en Lloyds te rêden. “De banken moatte in earlik oandiel yn it gehiel oan belestingen hawwe en soargje foar kredyt foar ûndernimmers. Sa kin de ekonomy wer oan de gong brocht wurde.”
Osborne en de banken ûnderhannelje al dagen en sille nei alle tinken dizze wike ta in akkoart komme en as doel ôfprate 225 miljard euro út te lienen oan kredytweardige klanten. Nimmen wit lykwols hokker feroaringen oft yn in nij bonusbelied trochfierd wurde sille.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje