Noard-Fryslân fiert biikebrånen

febrewaris 21, 2011 23:18

SYLT – Yn Noard-Fryslân wurdt moandeitejûn it biikebrånen fierd, it wichtichste Noardfryske folksfeest, dat alle jierren op 21 febrewaris weromkomt. Wiken yn it foar binne de Noardfriezen al warber mei it oprjochtsjen fan in metershege brânsteapel, dy’t op ‘e jûn fan Sint Piter yn ‘e brân set wurdt. Soms baarnt dan allinnich de steapel, mar der binne ek streken dêr’t in pop mei it stal fan in minskepersoan ferbaarnd wurdt.

Wêr’t it biikebrånen (of Dútsk: Biikebrennen) krekt weikomt, is net bekend. Mooglik is it ûntstien as in ôfskiedsritueel foar seelju dy’t op walfiskjacht giene, mar it kin ek in âld fruchtberheidsritueel wêze of bedoeld wêze om boaze geasten of de winter te ferjeien. Op ‘e Noardfryske eilannen is it yn alle gefallen hieltyd mear in feest foar de toeristen. By it fjoer is gauris wat te iten en te drinken te keap, pommeranten of gasten hâlde taspraakjes, soms wurdt der songen en yn guon doarpen binne der foar of nei it fjoer noch oare aktiviteiten.

De foto hjirûnder lit in brânsteapel op it eilân Sylt/Sal sjen.

febrewaris 21, 2011 23:18
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.