Nijbou Fryske Akademy

febrewaris 28, 2011 14:42

LJOUWERT – De Fryske Akademy wreidet út. It wittenskiplik ynstitút yn Ljouwert hat al jierren ferlet fan in moderner gebou. De Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen (KNAW) stelt 2,3 miljoen euro beskikber foar nijbou op it eigen terrein fan de Akademy yn Ljouwert.

Steatssekretaris Halbe Zijlstra fan ûnderwiis, sels in Fries, hat bemiddele tusken de Fryske Akademy en de KNAW. Dy wie earst net ree om mei te beteljen oan de nijbou, mar Zijlstra kaam derefter dat de Fryske Akademy yn it ferline te min jild krigen hie fan de KNAW. Dy kin dat no goedmeitsje troch by te dragen oan de nijboukosten.

De provinsje Fryslân en de Fryske Akademy sels diele de rest fan de kosten.

febrewaris 28, 2011 14:42
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Erwin90 febrewaris 28, 16:52

    In moai glêzen tuorke like heech as de Achmea toer. Dat soe wol moai wêze foar it stedsbyld…

  2. pizza boy febrewaris 28, 16:55

    mar ien de simmer wol wot waerm!

  3. Aldfaar febrewaris 28, 18:56

    Einlings wer ris in posityf berjocht. De Akademy is wichtich foar Fryslân.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.