Iismummy Ötzi rekonstruearre
Resint ferskynd
- Poppe nei 18 oeren rêden út metersdjippe put yn Tailân 0
- Opnij subsydzjeregeling ynnovaasje foar Fryske ûndernimmers 0
- Tûzenen minsken yn Turkije en Syrië bringe nacht bûten troch 0
- Amerikaansk jonkje (6) bestelt foar tûzen dollar oan iten mei heit syn snoadfoan 0
- Bywurke: Braziliaanske marine hat spûkskip sinke litten 0
ARNHIM – De man op ‘e foto hjirneist hat 5300 jier lyn libbe. De foto lit in rekonstruksje sjen fan it gesicht fan Ötzi, de man dy’t yn 1991 ynferzen yn de Alpen oantroffen waard.
Ötzi hie in behindich postuer, hy wie meager en like âld foar syn jierren. Hy moat doe’t er stoar sa’n 45 jier âld west hawwe.
De rekonstruksje fan Ötzi syn gesicht is makke troch twa Nederlanners, Alfons en Arie Kennis fan Arnhim. Hja binne spesjalisearre yn it rekonstruearjen fan lichems oan ‘e hân fan bonkerakken en omskotten. Dêrfoar brûke se ûnder oaren 3d-scans fan Ötzi syn plasse.
Ötzi is neamd nei de Ötztaler Alpen, it diel fan it berchtme dêr’t er fûn wurden is. Hy leit sûnt 1998 útstald yn it Südtiroler Archäologiemuseum yn Bozen. De mummifisearre lea wurde yn in spesjale bak bewarre, dat se yn in goede steat bliuwe. Ötzi is nei alle gedachten fermoarde: hy hat ferskate slimme smertlapen en in pylk oan ‘e lofterside yn it boarst.
Ik sjoch se ek wolris op de tribune by sc Hearrenfean.
Hoesa? Hie Ötzi in termosflesse kofje by him?
@Erwin: mei in flötzi molke deryn?
Net tefolle molke Henk, oars is de kofje samar kâld. Dy âlde mannen moatte it wol in bytsje waarm ha yn it stadion. Fan it fuotbal sjen krijst it ommers net waarm….. Seker net as dyn klup nei in 2-0 foarsprong mei 3-4 op ‘e bealch krijt.