Henk Bleker praat Nedersaksysk

febrewaris 25, 2011 14:15

ST. ANNE – Steatssekretaris fan ekonomyske saken en lânbou Henk Bleker ferwûndere freon en fijân moandeitejûn mei syn taalkar. De steatssekretaris die mei oan in ferkiezingsdebat yn St. Anne, dat organisearre wie troch de CDA-ôfdielings fan it Bilt en Menameradiel. De oare twa politisy dy’t meidiene, wiene de Friezen Sander de Rouwe en Sjoerd Galema.

Oan it begjin fan de jûn waard Bleker frege oft er wol Frysk ferstie. De steatssekretaris, dy’t út Onstwedde yn Grinslân komt, sei dat er dêr gjin muoite mei hie, dat elk mar Frysk tsjin him prate moast en dat er dan sels wol Grinslânsk prate soe. Ta ferrassing fan alle oanwêzigen hold er dat de hiele jûn fol. Sels syn taspraakje die er yn syn Nedersaksyske memmetaal.

febrewaris 25, 2011 14:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.