Giphart foarsitter jeugdboekepriis

febrewaris 8, 2011 17:32

Ronald Giphart is de nije foarsitter fan de Grote Jongerenliteratuur Prijs. Hy nimt dy taak oer fan Hedy d’Ancona en wol de jeugd fertrouder meitsje mei de Nederlânske jongereinliteratuer. Tsjin it tydskrift Tzum seit Giphart: “Zelf heb ik als scholier ontdekt hoe indrukwekkend, mooi, bevredigend, mysterieus, overweldigend, spannend, opwindend en levensbepalend literatuur kan zijn. Zo’n voorzitterschap is wel het minste wat ik kan terug doen.”

De Grote Jongerenliteratuur Prijs wurdt alle jierren útrikt oan twa skriuwers fan jeugdboeken: in Nederlânske of Flaamske skriuwer èn in skriuwer fan in bûtenlânsk wurk dat yn it Nederlânsk oerset is. Elk kriget 2500 euro. Dêrneist is der in publykspriis. De winner dêrfan kriget 5000 euro.

De sjuery presintearret ein maart in tiplist fan tweintich titels. Yn april komt der dan in tiplist mei seis boeken derop. De winner wurdt yn maaie bekendmakke.

febrewaris 8, 2011 17:32
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.