Fryske tsjerketsjinst Amsterdam
Resint ferskynd
Foar wa’t de Fryske taal in waarm hert tadraacht, graach yn it Frysk sjongt en tasprutsen wurdt, is it goed om te witten dat op snein 13 febrewaris yn de Betheltsjerke yn Amsterdam-Noard in Frysktalige tsjerketsjinst holden wurdt.
It tema fan de tsjinst is ‘Yn it Fjild’. Dat nei oanlieding fan Jezus syn taspraak yn Lukas 6. Yn it fjild sprekt Er syn learlingen en oaren ta oer wat Him besielet. Dêr klinke de ferneamde ‘sillichsprekkingen’. Foargonger is Trinus Hibma, predikant fan de Betheltsjerke; hikke en tein yn Fryslân.
Esther van der Ploeg spilet hobo. Oargelist is Marja van der Ploeg-Hofstra, ek fan Fryske komôf. Nei ôfrin is der kofje/tee mei Fryske koeke en ‘petear’ (onderling gesprek). Foar wa’t suver gjin Frysk ferstiet is der in skriftlike gearfetting.
Plak en tiid
Betheltsjerke, Plejadenplein 44, 1033 VL Amsterdam, www.bethelkerk.info
Snein 13 febrewaris, 16.00 oere
Ynformaasje: T.H. Hibma, 020-631 46 44, hibmveen@xs4all.nl