Zuckerbergeftige kreak fan Facebook

febrewaris 6, 2011 00:01

Twa manlju hawwe de priveegegevens fan in miljoen Facebookleden ynpikt en brûkt foar harren datingsite, Lovely-Faces.com. Alessandro Ludovic en Paolo Cirio hawwe in programma makke dat de gegevens sammele fan iepenbiere profilen en dat op basis fan de foto fan de brûker in ynskatting joech fan dy syn of har karakter.

Facebook hat oankundige dat it in oanklacht yntsjinje sil tsjin de twa manlju, fan wa’t nammers net bekend is wêr’t se wenje. De manlju sizze dat se neat oars dogge as Facebook neidwaan. Facebook-oprjochter Mark Zuckerberg is nammentlik ek ea mei syn suksesfolle site begûn troch gegevens fan studinten fan universiteitskompjûters yn te pikken.

febrewaris 6, 2011 00:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.