Enerzjy-inisjatyf fersmiten

febrewaris 28, 2011 22:58

It boargersinisjatyf ‘Nederlân krijt nije enerzjy’, dat opropt ta in yngreven ombou fan de nasjonale enerzjyfoarsjenning, is troch de Kommisje Boargersinisjativen ôfwiisd en wurdt sadwaande net behannele troch it parlemint. Dat is oare tee as yn augustus. De kommisje ûnder foarsitterskip fan Helma Nepperus (VVD) neamt as reden dat it inisjatyf , mei 45.939 stipers, net oan de betingst foldocht dat der de lêste twa jier lyn gjin beslút oer nommen is troch de Twadde Keamer. De organisators fan it boargersinisjatyf binne kûgelsk om’t de kommisje allinnich mar ferwiist nei in oankundiging fan minister Verhaagen (Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje) op 6 desimber 2010 dat it kabinet yn febrewaris 2011 mei in plan foar in ‘green deal’ komme sil en dêr foel foar de Keamer net oer te kedizen. Inisjatyfnimmer Marco Witschge: “Mei sa’n argumintaasje kinne alle mooglike boargersinisjativen ôfwiisd wurde. De ôfwizing tsjûget fan lytsachting foar de demokratyske rjochten fan boargers.” Der wie oars hast keamerbrede stipe foar it inisjatyf, ek út rûnten fan VVD en CDA mar nei dyjingen wurdt neffens Witschge yn de regearingspartijen net mear harke. De Keamerfraksjes fan ChristenUnie, D66, GroenLinks, PvdA, Partij voor de Dieren, SGP en SP wolle mei in spesjale proseduere besykje it ûnderwerp doch noch op de wurklist fan de Twadde Keamer te krijen mar de koalysjepartijen kinne dat mei harren krappe mearderheid opkeare. Witsche sjocht it swurk al driuwen: “De eangst foar Wilders is yn it hjoeddeistige kabinet sa grut dat hja foarearst foar polarisaasje tusken de partijen kieze en dêr past de oersljochtsjende oanpak dy’t wy foarstean net by. Dêrmei fergrieme wy tige kostbere tiid om ús lân rêd om te foarmjen nei in duorsume enerzjyhúshâlding sadat wy net mear ôfhinklik binne fan hieltyd djoerdere ymport út ynstabile kriten. Sjoch allinnich mar nei it eksplosyf stiigjen fan de oaljepriis. En dan haw ik it noch net iens oer de ferdistruwearjende ekologyske skea fan ús hjoeddeistige enerzjyboarnen.” Witschge hopet no mar op in geunstige ferkiezingsútslach: “Yn neifolging fan de eardere oprop fan Pieter Winsemius fan de VVD en Cees Veerman fan it CDA advisearje ik om net op CDA, VVD of PVV te stimmen.”

febrewaris 28, 2011 22:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.