Ekonomy Yndia faai troch ynflaasje

febrewaris 5, 2011 22:59

Manmohan Singh, premier fan Yndia, warskôge dat de flugge waaksdom fan Yndia op it stuit slim bedrige wurdt troch ynflaasje. De achtste rinteferheging yn tolve moannen is oansteande. Opkommende merken lykas Yndia, dêr’t de groei fan it GDP (Gross Domestic Product = Bruto Nasjonaal Produkt) oan 8,5% ta rikt, bedriget op it stuit it proses dat de wrâldekonomy him oan it ferheljen is.

Dêrfoaroer seit Singh, dat Yndia syn ynflaasje fan 8.4% en fral it heger wurden fan itensprizen (mei mar leafst 17%), net trochduorret. “Ynflaasje is in slimme bedriging foar waaksdom. Hokker oarsaak oft it ek hat, it moat mei alle macht tebekkrongen wurde”. Analisten leauwe, dat de heger wurdende prizen fan oalje en iten betsjutte, dat de sintrale bank fan Yndia op ‘e nij rinte ferheegje moat noch foar de oansteande beliedsgearkomste op 17 Maart. De beurskoers yn Yndia is al earder tebekfallen út eangst foar hege ynflaasje.

Boarne BBC

febrewaris 5, 2011 22:59
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.