Dútslân besuniget net op Frysk

febrewaris 28, 2011 17:33

BRÄIST – “Hoewol’t wy besunigje moatte, sille wy net koartsje op de stipe foar de minderheden.” Mei dat fleurich boadskip helle de Dútske steatssekretaris foar kultuer Bernd Neumann in entûsjaste reaksje út yn Noard-Fryslân. Neumann sei dat it wichtich is om minderheidstalen net samar ferdwine te litten.

De steatssekretaris die syn útspraak ôfrûne sneon by de offisjele iepening fan it Frysk hûs yn it Noardfryske Bräist. It gebou oan de Sööderstroote yn dat plak biedt sûnt oktober ûnderkommen oan ferskate organisaasjes dy’t warber binne op it mêd fan de Fryske taal en kultuer.

De Dútske steat stipet de Fryske kultuer mei in bedrach fan trijehûndert tûzen euro yn it jier. Foar it oankeapjen en ynrjochtsjen fan it Frysk hûs hawwe de Friezen yn Dútslân in ekstra stipe fan trije ton krigen.

febrewaris 28, 2011 17:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.