De Omrop en it Frysk

febrewaris 26, 2011 20:21

De fiertaal fan Omrop Fryslân is it Frysk. Dat wit elts. Dat jo op radio wat mear ‘sprektaal’ kieze, as skriuwtaal, dat kinne wy ek noch benei komme, mar somtiden raast it brûkte Frysk oan’e protters. Dêr komme by de Omrop ek wol klachten oer. As jo links sizze, yn stee fan lofts, dêr leit gjin minsk wekker fan, mar it omkearen fan tiidwurden, dêr steane de measte Friezen de teannen krom fan yn’e skuon.

No is it net sa, dat der op de Omrop samar wat dien wurdt. Teminsten, neffens it ‘stylboek’ dat yn 2009 skreaun waard foar alle meiwurkers, hat de Omrop de kwaliteit fan it Frysk heech yn it findel: “It op peil hâlden fan it behearskjen fan it Frysk is in prioriteit fan de haadredaksje. Redakteuren kinne altyd fergees taalkursussen folgje”, sa stiet yn it stylboek beskreaun. Fierder wol de Omrop der op oan dat ek de skriftlike behearksing fan it Frysk op peil is, by dy meiwurkers dy’t dêr har taken lizzen ha. Dus it byhâlden fan bygelyks de webside fan de Omrop. Teksten, ek foar reportaazjes foar radio en telefyzje, moatte goed skreaun wêze. “In konsekwint tafersjoch troch de einredaksje of ûnder ferantwurdlikheid fan de einredaksje is needsakelik om dêr ferbettering yn te krijen, foaral by de raadio. It prinsipe is dat alle teksten neisjoen wurde op kwaliteit: doocht it as sjoernalistyk produkt en ek: doocht it Frysk taalgebrûk.”

Foaral dat lêste giet noch wolris mis, benammen op ynternet, wêr’t sa’t it liket de reportaazjeteksten fan’e radio sûnder fierdere kontrôle knipt en plakt wurde. Dan krije jo dus bygelyks taai waar yn jannewaris. Wylst teiwaar sels noch apart yn it stylboek neamd wurdt.

Mar wat falt noch mear op: neffens it stylboek moat der omgongstaal brûkt wurde. Dat hâldt yn dat der nearne wat bard is, mar al wat gebeurd. Tsjûgen fan in oerfal binne der net, al getugen. Deistich libben wurdt dageliks leven en narjen wurdt pesten. It binne samar in pear eksimpels, dy’t yn it stylboek neamd wurde. Allegearre om’t men by de Omrop mient, dat minsken de radio oars op in oare stjoerder ôfstimme sille.

Wat ek noch in soad argewaasje opsmyt by de harkers is it meitsjen fan twalûden dy’t net besteane, of yn alle gefallen net doge yn it neamde gefal. Bygelyks: wy ha it net oan tied (tie-ud ynstee fan tiid). Noch in aardichheid: lêstendeis praatte in Omropper mei Sven Kramer. De Omropper yn kwestje frege of’t Sven al wer op it ies (ie-us) stien hie. Och, hie Sven net folle leaver op it iis stien? Soe de Omropper wol witte wat ies is en soe er ek in byld ha fan it reedriden op ies?

Wurdt it stylboek eins noch aktyf brûkt? Komt der wat op’e hispel fan de aktive kontrôle op’e Fryske taal troch de ferskate einredakteuren? It op peil hâlden fan de kwaliteit fan it Frysk is in prioriteit fan de haadredaksje, sa stiet yn it stylboek. Wêrom feroarje dit soarte saken dan net?  Harkers dy’t har steure oan it brûkte Frysk en dêr fragen oer stelle, krije amper antwurd en der feroaret sa te sjen en te hearren net in soad. Alles ûnder it mom fan ‘linich Frysk’. Kinne wy dit feroarje? Graach jimme reaksjes.

febrewaris 26, 2011 20:21
Skriuw in reaksje

13 opmerkingen

  1. RK febrewaris 27, 00:12

    Ik bin fan miening dat it Frysk troch û.o. de media fan ús taal heech holden wurde moat, wis. Dan moast net begjinne oer “linich Frysk”, soks dochst mar mei freonen. En oars, dit fyn ik dus ôfgryslik: “Dat hâldt yn dat der nearne wat bard is, mar al wat gebeurd. Tsjûgen fan in oerfal binne der net, al getugen. Deistich libben wurdt dageliks leven en narjen wurdt pesten.” GE- yn it Frysk? GEbeurd? GEtugen? En wit men noch wol wat ”leven” eins betsjut yn it frysk? Dat hat dôchs neat te krije mei libje? Leven is itselde as lawaai.

  2. RK febrewaris 27, 00:16

    Njonken dat bin ik in bliid minske, hear. No sjoch ik ynienen in lilke reaksje fan mysels op ItNijs stean :P.

  3. Nanne febrewaris 27, 17:17

    ‘De opposysje fynt dat de Spaanske regearing better sunige auto’s kin stimulearje.’ Dat wie net in tekst fan de Omrop, mar stie hjoed yn in artikel op It Nijs, dêr’t ornaris dochs it geefste Frysk fan it gânse wrâldwide web te lêzen is. No wurde op dizze side sokke flaters meastentiids noch wol wer korrizjearre, mar it echte probleem is dat de skriuwer fan it stikje blykber it taalgefoel mist om de wurden yn de goeie folchoarder te setten. ‘As jo links sizze, yn stee fan lofts, dêr leit gjin minsk wekker fan, mar it omkearen fan tiidwurden, dêr steane de measte Friezen de teannen krom fan yn ’e skuon’, stiet hjirboppe, mar foar it grutste part fan de jongerein jildt dat al lang net mear. Omrop Fryslân soe miskien ek sokke krekte korrektors krije moatte as dy’t It Nijs hat om sadwaande it goeie foarbyld jaan te kinnen, mar sok krewearjen sil net genôch fertuten dwaan om it rûnom oanboazjende omkearen fan de tiidwurden, feroarsake troch de ynfloed fan ymport en media mar evensagoed te min korrizjearre troch sleauwe âlders, op te kearen. Neffens my wurdt mei dy tiidwurdsomkearing it Frysk in ôfgrysliken slach tabrocht: meidat no sels de grammatika, it bonkerak fan de taal, hieltyd Hollânsker wurdt, ferwurdt it deistige Frysk sa stadichoan ta dialekt. Ik pleitsje der dêrom foar rap útein te setten mei in provinsjewide aksje op benammen de skoallen (basis én fuortset ûnderwiis) om dat weiwurden taalgefoel werom te kweekjen. Dat hoecht net iens allinnich yn de Fryske les want it is likegoed doelmjittich foar Nederlânsk. Omrop Fryslân soe miskien wat goedmeitsje kinne en stypje dy aksje mei in nijsgjirrich en trendsettend (skoalle)televyzjeprogramma.

  4. LJ febrewaris 27, 18:00

    de boerderij / it hûs is folslein yn ‘e jiske lein , hahaha, ynstee ” de pleats / de wenning folslein ôfbarnd” ; de auto is te wetter rekke, nee mar is yn ‘e feart riden. En dan de sport ferslaggen, dat roait igge noch seame, dat is Hollansk mei in tûfke frysk… je wurde der myslyk fan. Yn earsten gjin doel oer de sport sels en twads josels tige graach op ‘e radio hearre, wat in egotripperij op sneontemiddeis: > út dat kring< en harkje leaver nei musyk.

    en hjir ûnder: "PLAATS EEN REACTE"
    kin soks no net oars blinder!?

  5. Cornelis van der Wal febrewaris 28, 12:28

    Wis en wrachtich kin dat ‘plaats reactie’ ferfryske wurde. Efkes by de bouwers fan dizze side oanklopje tink!

  6. Nynke Beetstra febrewaris 28, 12:44

    As jo krityk op oaren hawwe, moatte jo it sels eins wol goed dwaan. Yn dit gefal betsjut dat, dat der gjin flaters yn it stik oer it taalgebrûk fan de Omrop sitte meie. En dy sitte der wol yn. In pear foarbylden:
    telefyzje moat wêze televyzje
    needsakelik moat wêze needsaaklik
    raadio moat wêze radio
    …op ynternet, wêr’t… moat wêze …op ynternet, dêr’t…
    Sa sjogge jo mar dat it de master samar misse kin. Dat jildt ek foar de Omrop, mar oer it algemien is de kwaliteit fan it Frysk goed en akseptabel. It wurd ‘gebeure’ stiet ek yn it Frysk hânwurdboek, as Hollanisme, mar dus wol akseptearre. It omdraaien fan tiidwurden is freeslik mar komt by de Omrop amper foar. Dat leit oars by de minsken dy’t ynterviewd wurde. Dêr soe it ûnderwiis wat oan dwaan moatte.

  7. Waardenburg febrewaris 28, 12:58

    @ Nynke Beetstra: “As jo krityk op oaren hawwe, moatte jo it sels eins wol goed dwaan. ” Wat in ûnsin. Mei ik net mear sizze dat Hearrenfean min fuotballe hat omdat ik sels nea fierder kaam as de fyfde klasse FVB (ja, dy bestie doe noch). Ik leau net dat ik dat in hiel folwoeksen wize fyn om mei krityk om te gean.

  8. Martsje de Jong febrewaris 28, 13:59

    De skriuwer fan dit stik hat faaks wat hastich west, mar hie al efkes de staveringshifker brûke moatten.
    Lykwols, as ik betiden de radio oan ha, dan hear ik dochs in soad rare dingen. Ik fyn dat de Omrop, faaks tsjin wol en tank mar dochs, in foarbyldfunksje hat yn dizzen.
    Lit ús earlik wêze: soe der op radio 1 in presintator bygelyks sizze: “hun zeiden”, dan soe de wrâld ek te lyts wêze.
    Guon hollanismen wurde no akseptearre om’t elk se sa faak heard hat, dat men net better mear wit.

  9. T.Brûnsma febrewaris 28, 16:38

    Wat in eamelerij. Wês der grutsk op dat wy in moaie regionale útsjoerder hawwe. Staveringsflaters as Frysk dat net hielendal geef is; Ja. Dat doocht net.
    Mar om no te sizzen dat it nei de protters raast….. Dat is der wat fier by troch.

    Efkes gewoan dwaan, en as jo der oer strúkelje; dan skeakelje jo dochs oer nei Ned 1?

  10. Erwin90 febrewaris 28, 16:49

    Miskien moatte wy it hawwe oer de ynhâld fan Omrop Fryslân. Ik sjoch amper noch op harren webside omdat dy dêr allinnich mar lokale tema’s behannelje. Dêrom sjoch ik Omrop Fryslân ek wol as in miste kâns. Hawar, wy hawwe no It Nijs. Dat dizze nijsside de omrop mar gau brekke mei. 😉

  11. Jens febrewaris 28, 19:52

    Erwin, itnijs follet Omrop Fryslân oan, moai dochs? Dat wy mei tank oan it ynternet no ferskate Frysktalige boarnen fan nijs hawwe.
    Om op it ûnderwerp troch te gean, beharkje ús steatssekretaris ris:
    http://www.omropfryslan.nl/78088/Taal-en-kultuer-net-nei-Grins.aspx
    Wa biedt dy bêste man in kursus Frysk oan? Super dat er Frysk praat… mar dy tiidwurden :-S

  12. Jaap maart 1, 09:39

    Oer it generaal prate de omroppers wol sa geef mooglik Frysk. It binne faak de minsken dêr’t se mei prate dy der in potsje fan meitsje. Elk glidet wolris út, dat is omroppers yn it hjitst fan de striid net kwea ôf te nimmen. Wêr’t ik folle ûngerêster oer bin is dat der amper bern en jongeren binne dy ‘t foar de mikrefoan fan de Omrop noch Frysk prate.

  13. Lolke maart 9, 10:10

    waerberucht yn stee fan waerberjocht.
    Heart nearne nei.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.