Bruintje Masturbear bychtet

febrewaris 22, 2011 19:35

De nije strip ‘Rupert and the God Delusion’ fan Crispian Jago en tekender Neil Davies stekt de katolike omgong mei sûnde en bycht de gek oan. Skriuwer Jago brûkt yn syn boeken meast besteande stripfiguerkes om maatskiplike misstannen oan ‘e kaak te stellen. Diskear brûkt er it stripfiguerke Rupert, yn Nederlân better bekend as ‘Bruintje Beer’. Rupert masturbearret, skyt yn ‘e strewellen en blaast wyn ôf. Dêrom moat er fan syn mem te bychtsjen. Hy oertsjûget de pastoar der lykwols fan dat de Bibel minskewurk is en lit de man yn triennen efter om’t dy om syn baan te hâlden krekt dwaan moat oft er noch oan de ûnfeilberens fan ‘e Bibel leaut.

It figuerke ‘Rupert’ is yn 1920 betocht troch Mary Tourtel en hat jierrenlang yn ferskate kranten stien. De strip waard letter oernommen troch Alfred Bestall en noch letter troch Alex Cubie en tekender Freddie Chaplin. It wiene brave aventoerestrips oer in lyts bearke. De Britske sjoernalist Crispian Jago wol mei syn stripkarikatueren gjin jild fertsjinje, mar brûkt se om minsken bewust te meitsjen fan bygelyks diskriminaasje, misstannen yn ‘e katolike tsjerke, de ûngelikense behanneling fan leauwigen en ateïsten en de fersprieding fan kwaksalverij. Hy hat earder gebrûk makke fan de “meneertje”-figueren, de Simpsons, de “kat met de hoed” en oare stripfigueren.

Yn de titel fan syn nije tekenteltsje ferwiist Jago net allinne nei Bruintje Beer, mar ek nei it boek ‘The God Delusion’ fan de Britske biolooch Richard Dawkins, dat it bestean fan goaden kritysk besprekt.

Klik hjir om de strips fan Crispian Jago te besjen.

Hjirûnder stiet de nije strip ‘Rupert and the God Delusion’:

febrewaris 22, 2011 19:35
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.