België: no derhinne
Resint ferskynd
- Poppe nei 18 oeren rêden út metersdjippe put yn Tailân 0
- Tûzenen minsken yn Turkije en Syrië bringe nacht bûten troch 0
- Jongfryske Mienskip tsjinnet WOO-fersyk yn oer heechlearaar Frysk by RUG 2
- Amerikaansk jonkje (6) bestelt foar tûzen dollar oan iten mei heit syn snoadfoan 0
- Bywurke: Braziliaanske marine hat spûkskip sinke litten 0
Nei Eastenryk tinkt België no ek oan in yntervinsjemacht nei Libië te stjoeren. Dat hat Steven Vanackere minister fan ynlânske saken fan ‘e moarn sein op de Flaamske radio.
De minister fynt wol dat militêr yngripen allinne kin mei in krêftich mandaat fan de Feriene Naasjes. Neffens VanAckere soe it fansels noch moaier wêze as it rezjym fan binnenút ferdreaun wurdt. Mar as dat net bart en Kadaffy giet troch mei dizze ferhûddûkings, dan moat de ynternasjonale mienskip fanwegen komme.
Justerjûn seach ik op TV dat de Britten in ‘geheime’ operaasje hienen om minsken ut Lybje wei te heljen. Oare lannen helje harren minsken gewoan op…..
al is it net ienfâldich,dit folk fertsjinnet us stipe.
op hokker wize dit moat lit wij oan de feriene naasjes oer,mar it moat net sa wêze as destiids mei servie:
,,ik stond erbij en keek ernaar”
at Ghadaffi net gau fuort giet dan sit der net oars op as YNGRIPE!!
“dit folk fertsjinnet us stipe.”
Bedoele jo de Belgen? 😉 😛
nei ‘t ik wit is Ghadaffi in ynwenner fan Libie
Gadaffy seit dat er syn lân noch ûnder kontrôle hat en dat de minsken fan him hâlde. Neat te rêden dus…. 😉
Beste Erwin90.
Jo hawwe it plaatsje fan jo Avatar sûnder tastimming oernommen fan Flickr.
http://www.flickr.com/photos/hindrik/2513452640/
It is in foto dy’t ik makke haw en dêr auteursrjochten op sitte. De behearders fan dizze site binne it mei my iens dat jo dy foto sa net brûke kinne.
Mei freonlike groetnis,
Hindrik