ArcelorMittal sakket wei

febrewaris 7, 2011 23:18

ArcelorMittal komt moarnier foar de beurs mei sifers oer it fjirde fearnsjier fan 2010. Ferskate analisten foarsizze yn trochsneed in delgong fan opbringst mei 21% neffens itselde fearnsjier fan in jier earder. ArcelorMittal is it grutste stielbedriuw fan ‘e wrâld en yn Europa in konkurrint fan bygelyks Tata Steel (IJmuiden en Ingelân) en ThyssenKrupp (Dútslân). It hat stielbedriuwen yn Frankryk, België (Gent, Liège), Spanje, Dútslân, East-Europa en in soad oare lokaasjes yn ‘e wrâld.

Arcelor foarsei sels yn oktober foar dit fearnsjier in Ebitda fan tusken de 1,5 en 1,9 miljard dollar (alle fertsjinsten foar it ôflûken fan rinte, belesting, ôfskriuwing en ôflossing). Neffens de analisten is de omset wol tanommen mei 10% oant 20,6 miljard dollar. Neffens ING Research sil de Ebitda mei 1,66 miljard dollar oan de lege kant wurde. Merill-Lynch hâldt de te ferwachtsjen Ebitda op 1,59 miljard en de omset op 21,3 miljard dollar.

Troch ôffallende grûnstofprizen liket it derop dat ynstee fan de stielbedriuwen benammen de grutte trije yn ‘e mynbou yn izererts topje fan de groeiende merk (Rio Tinto, BHPB en Vale, sjoch https://www.itnijs.frl/2011/01/bhpb-en-rio-buorkje-yn-izer-en-koallen). It is in ôfdijer dat de ferkeapprizen fan ôfwalst stiel ek ôffalle. De merk is op it stuit tige brekber.

Wol foarsizze analisten in Ebitda-groei fan 14% foar it ankom fearnsjier oant 2,1 miljard dollar. De yn jannewaris ôfstjitten rustfrijstieldivyzje Aperam is hjir noch wol yn meinommen. Dit fearnsjier sille neffens harren de ferkeapprizen wer heger lizze en nei alle tinken sil it ferkeapfolume ek grutter wurde.

ArcelorMittal buorket op it stuit goed fierder mei oankeap fan eigen minen. Sy hawwe mei Nunavut Iron Ore in belang fan 90 prosint nommen yn de oandielen fan ‘e Kanadeeske izerertsmynbouwer Baffinland, sa’t hjoed buorkundich makke is. Tegearre biede se 450 miljoen euro foar Baffinland. Sadree’t de deal slagge is hat Arcelor 70 prosint en Nunavut de oare 30 prosint.

febrewaris 7, 2011 23:18
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.