Abbekaten lilk om besunigings

febrewaris 9, 2011 09:58

HILVERSUM – Nederlânske strafrjochtabbekaten driigje gjin pro-deosaken mear oan te nimmen as earmlestige fertochten aanst sels meibetelje moatte oan de abbekaatskosten. Dat hat Geertjan van Oosten, de skriuwer fan de Nederlânske beropsferiening fan strafrjochtabbekaten tiisdei yn it nijsprogramma Nieuwsuur sein.

No is it noch sa dat de oerheid de abbekaat betellet foar fertochten dy’t net safolle jild hawwe. It regear wol dat fertochten tenei de helte betelje fan it earste konsult.

febrewaris 9, 2011 09:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.