Wenningkorporaasjes net ryk

jannewaris 31, 2011 13:18

GROU – WoonFriesland noeget de kommende tiid safolle mooglik Haachske politisy út, om te fertellen dat der by Fryske korporaasjes neat te heljen falt. Neffens direkteur Frans Kooiker tinkt de polityk yn De Haach te’n ûnrjochte dat de korporaasjes noch in soad huzen ferkeapje kinne oan har hierders.

Yn it regearakkoart stiet ek dat de korporaasjes oer trije jier in ekstra heffing oplein krije dy’t mei de opbringsten fan huzeferkeap betelle wurde moat.

Neffens Kooiker stean der no noch al 3000 huzen te keap, mar de belangstelling dêrfoar is mar lyts.

(Tekst: Omrop Fryslân)

jannewaris 31, 2011 13:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.