Petear mei Bertus Walsma

jannewaris 30, 2011 23:59

In petear mei Bertus Walsma. Hy is kandidaat steatelid foar Provinsjaal Belang Fryslân

Jo steane op de list fan de partij (ynfolje). Wêrom steane jo op dizze list en net op in list fan de oare partijen? Tja, Ik ben ex-raadslid van een GemeenteBelangenPartij en deze partij komt daar het dichtste bij (Prov.Bel.Fryslan)

Mei ratifikaasje fan it Europeeske Hânfêst fan Regionale en Minderheidstalen hat Nederlân ferplichtings op him nommen oangeande de Fryske taal op it mêd fan ûnderwiis en media benammen radio en tv. Dêrmei is de ryksoerheid ferantwurdlik foar de útfiering fan dizze ferplichtings en kin him net ferskûlje efter legere oerheden. It Komitee fan Eksperts fan de Ried fan Europa konkludearret oant trije kear ta dat Nederlân net foldien hat oan syn ferplichtings oangeande it foarskoalsk, primêr en sekundêr ûnderwiis en jout it driuwend advys oan de ferplichtings oangeand it ûnderwiis en de media te foldwaan. Watfoar stappen sil jo en jo partij nimme dat Nederlân wol oan syn ynternasjonale ferplichtings oangeande it Frysk yn ûnderwiis en media foldwaan sil?
Over wat voor verplichtingen hebben wij het. Hebben wij het over een 6 of een 10? Beide is voldoende! Doet de overheid niets of te weinig of voldoende. Wat vindt de publieke opinie aanvaardbaar? Ik zou dus eerst willen peilen wat er wel en niet is gedaan voor een oordeel te hebben.

Wat is de miening fan jo en jo partij oer it opheffen fan de provinsjes en/ of it gearfoegjen fan provinsjes ta lânsdielen? It opheffen fan de provinsje Fryslân is yn striid mei boppeneamd Hânfêst en in bedriging foar it Frysk. Is jo partij fan miening dat Fryslân as selsstannige provinsje bestean bliuwe moat? Sa ja, hokfoar stappen sille dêrta nommen wurde troch jo en jo partij. Sa nee, fine jo dat de provinsje mear foech ha moat. Bygelyks oer it ûnderwiis (kommisje Hoekstra)
Fryslan bliuwt! Met zijn allen de schouders eronder moet lukken. Actieve politiek dus!

Hoe steane jo en jo partij ûnder de trijetalige skoalle. Moat hjir mear yn ynvestearre wurde troch de provinsje?
De gemeenten investeren eventueel met ondersteuning (helicopterview) van de provincie. Ook hier weer vinger aan de pols.

As jo partij kieze moat it jild te besteegjen oan útwreiding fan wegen en spoar of oan it fersterkjen en befoarderjen fan heger ûnderwiis en wittenskiplike ynstituten sa as bygl. HBU, Universiteit Campus, Wetsus, Fryske Akademy wêr kieze jo en jo partij dan foar en wêrom?
Uiteraard moet de infrastructuur goed zijn maar wij kiezen voor kwalitatief goed onderwijs.

In karakteristyk lânskip is sawol kultureel, kwa natuer as ek út it eachpunt fan toerisme wei in ekonomysk belang. Hoe sil jo partij him foar it behâld en it fersterkjen dêrfan ynsette?
De kracht van Friesland is zijn ruimte. De kracht van goede bestuurders is door zeer slim met deze ruimte om te gaan. Dus slimmere bedrijfsterreinen en volkswijken (inbreiding/ etagebouw/ clustering etc.)

Mochten jo keazen wurde as steatelid: Wêr sille jo jo persoanlik foar ynsette. Wêrom moatte se op jo en jo partij stimme?
Ik zal mij persoonlijk inzetten voor het “slim” indelen van Friesland. Elke uitgegeven m2 voor woning/industrie is er namelijk één te veel! Vele partijen beloven dit maar er is weinig creativiteit om dit ook werkelijk ten uitvoer te brengen. Een stem op mij en PBF is een stem op realistische betaalbare politiek met een goed gehoor naar de bevolking.

jannewaris 30, 2011 23:59
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin90 jannewaris 31, 08:28

    Gemeentebelangen is doch sokssawat as in kollektyf fan ôffallige politisy fan oare partijen? De man giet net yn op de winsk fan Frysktalige media en Frysk ûnderwiis. De man seit ek net dat er heger ûnderwiis yn Fryslân stypje wol. Algemien praat sûnder ambysje dus….

  2. Jabik jannewaris 31, 09:25

    Mei oare wurden Erwin: de man seit hielendal neat. Hy liket ek neat te fertellen te hawwen. Wa’t hjir op stimt kin him de muoite fan in ritsje nei de stimbus better besparje. It is net bêst dat sokke holle fetten de provinsje bestjoere moatte. Dit liket my mear op baantsjejeierij ta.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.