Lytste taaleilân fan Europa

jannewaris 5, 2011 07:14 Fernijd

It Sealterfrysk hat al sûnt 1990 yn it ynternasjonale Guinnes Book of Records it rekôr as lytste taaleilân fan Europa. Yn 1989 kaam Bernd Stolle, doetiids skriuwer fan it Sealter Bûn, mei it idee om de útjouwer fan it Guinnes Book of Records in brief te skriuwen mei it fersyk om it Sealterlân op te nimmen as lytste taaleilân fan de wrâld. By it Sealter Bûn en yn de Sealter mienskip wienen de Sealterfriezen skeptysk oer it foarnimmen fan de no 46 jier âlde Stolle.

De measte Sealterfriezen wienen har wol bewust fan de minne posysje fan it Sealterfrysk. It takomstperspektyf fan it Sealterfrysk koe mooglik better wurde as de taal mear sichtber wie. In rekôr paste dêr dan ek hiel goed by. Dêrom makke Stolle in pakket foar de útjouwer fan it Guinnes Book of Records, mei dêryn ferskillende saken oer it Sealterfrysk lykas in wurdboek.

In pear moanne letter wie it safier. De sjuery fan it Guinnes Book of Records makke bekend dat it Sealterlân tenei as it ‘lytste taaleilân fan Europa’ yn it rekôrboek neamd wurde soe. Fan de útjouwer krige Stolle in oarkonde dy’t hjoed de dei noch yn it gemeentehûs fan it Sealterlân hinget. Bernd Stolle wit noch dat it Sealterlân dêrnei oeral yn it nijs kaam. Sa ek yn it tydskrift fan de bekende National Geographic Society út de Feriene Steaten.

jannewaris 5, 2011 07:14 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.