Japanske kredytweardigens omleech

jannewaris 28, 2011 19:37

NEW YORK – Japan is formeel in minder betrouber lân om yn te ynvestearjen. Kredytbeoardielder Standard & Poor’s hat de kredytweardigens fan it lân werombrocht fan nivo AA nei nivo AA-.  De reden is dat Japan neat docht oan de oanwaaksende steatsskuld. Standard & Poor’s wol Japan mei de degradaasje fan syn kredytweardigens in dúdlike warskôging jaan dat it lân net fierder moat mei syn notiidsk finansjeel belied. Okkerdeis hat Standard & Poor’s België ek drigeminte dat dat lân no gau in regear foarmje moat, oars wurdt syn kredytweardigens ek ferlege.

It is foar it earst yn njoggen jier dat de Japanske kredytweardigens sakket. Neffens Standard & Poor’s is de ekonomy fan Japan yn gefaar. De steatsskuld berint 800 miljard euro, hast twaris it dûbelde fan it Japanske bruto nasjonaal ynkommen. Dat is noch mear as yn it gefal fan Grikelân.

Der is wol in wichtich ferskil tusken de situaasje fan ‘e beide lannen: Grikelân hat foaral skulden oan bûtenlânske partijen, wylst Japan foar 90% by de eigen befolking yn it kryt stiet.

Om syn steatslieningen oantreklik te hâlden sil Japan de rinte ferheegje moatte. It Japanske regear fynt de maatregel spitich en seit dat it belied oan it tarieden is om de skuldelêst lytser te meitsjen. It regear wol it belestingstelstel feroarje, de sosjale fersekerings op in oare manier regelje en it btw-taryf ferheegje. Fierders ferdwine nei alle gedachten de lânbousubsydzjes dy’t de ûnrendabele rysbou mooglik meitsje.

Standard & Poor’s hantearret de neikommende nivo’s fan kredytweardigens:

AAA Treflik
AA+Heech
AA
AA-
A+Boppe it gemiddelde
A
A-
BBB+Under it gemiddelde
BBB
BBB-
BB+Negatyf ynvestearringsadvys
BB
BB-
B+Risikofol belizzen
B
B-
CCC+Tige grutte risiko’s
CCCEkstreme risiko’s
CCC-
DFallyt

Nederlân en Dútslân hearre by de achttjin lannen dy’t it nivo AAA hawwe. België sit op nivo AA+.

jannewaris 28, 2011 19:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.