Hipperhapke nijste Fryske wurd

jannewaris 14, 2011 18:19

Freed 14 jannewaris hat de sjuery de betinker fan it moaiste nije Fryske wurd bekend. Fjouwer organisaasjes (DGT – oersettsjinst Europeeske Kommisje -, Ried fan de Fryske Beweging, Fryske Akademy en Tresoar) hiene op de dei fan de talen (26 september) it inisjatyf nommen om ek foar it Frysk mei te dwaan oan de oersetwedstriid lykas dy rûnom yn Europa hâlden waard. Meidoggers moasten in Fryske oersetting fine foar wurden dy’t yn it Nederlânsk noch net sa lang besteane.

Tusken 1 oktober en 1 desimber brochten 85 dielnimmers yn totaal 250 mooglike Fryske oersettingen op it aljemint. De sjuery beoardiele de taalkundige korrektens mar ek de kreativiteit en orizjinaliteit fan de ynstjoeringen.

De winner is wurden: Atze Bos mei it wurd hipperhapke (insectensnack yn it Hollânsk). De twadde priis wie foar André Looijenga mei oppoaie (Hollânsk: pimpen) en de trêde foar Griene Pier foar klimaatridder fan Doet Visser.

Yn syn wolkomswurd op Tresoar hie Bert Looper (direkteur fan Tresoar) oan de hân fan in sitaat fan Huizinga de oanwêzigen der nochris opwiisd dat yn Tresoar net allinne kultuer bewarre mar ek makke wurdt. Kultuer dy’t libben is groeit lykas as de kultuer dêr’t minsken har yn bewege. Foar deputearre Jannewietske de Vries wie it oanlieding om nochris te pleitsjen foar Fryslân as kulturele haadstêd.

Op de foto de útrikking fan de priis troch Rixt Weiland oan Atse Bos. De oare sjueryleden wiene Jan Breimer (RfdFB), Teake Oppewal (Tresoar) en Hindrik Sijens(FA).

De nominearre wurden wiene:

bierbabepilsmokkeltsje
dweilsoapdweilsirkus
graaibonusynklaulean
herriemeterlawaaimjitter
insectensnackhipperhapke
kijkfilekoekeloerrige
klimaatridderGriene Pier
oorbehoedsmiddelearklep
ontschuldenút it kryt helje
pimpenoppoaie
randstadspartijrânestêdpartij
roeptoeterraasblazer
verhufterenferhufterje
verpaardingit ferhynstepôljen
verstrippengjin akseptabele ynstjoering
verwendicaptebedjerdikepte/bedjerbeheinde
voxpoppenfolksprottelje
zoenzonetút-en-derút
zomerdipsimmerdip
zwaairaamoant-sjenrút
jannewaris 14, 2011 18:19
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. Grytsje jannewaris 14, 22:55

    Moai wurd, hipperhapke! Soe it ek brûkt wurde….?
    (yn dûbele betsjutting: wa yt no soks…)

  2. Grytsje jannewaris 21, 15:42

    Hjir is er dan, de nije Hipperhapke-tekst:

    Hipperhapke

    Op it mêd fan iterij
    woll’ se graach wat nijs betinke.
    Elk jier komt der wol wat by
    om te iten of te drinken.
    Mar dit is dochs wol wat gek:
    hâlde s’ ús no foar it lapke?
    Mei wat nijs: insectensnack,
    yn it Frysk in hipperhapke.

    Op in roaster, lekker hyt,
    yn ’e oven kinst se bakke.
    Sa kinst moai dy hippers kwyt,
    ’t is as binn’ se der foar makke.
    Aaiwytryk, alhiel net fet,
    better as in appelflapke,
    pûdsje chips of in kroket,
    nim dan mar in hipperhapke!

    Mar eins griist it my wat oan,
    ’k wol der leaver net yn bite.
    Nee, it is noch net gewoan
    om dy bistkes op te iten.
    Hâldst se my ûnder de noas,
    no dan tink ik: is ’t in grapke?
    Want ik kies it leafst wat oars,
    ik hoech wier gjin hipperhapke!

    http://www.grytsjekingma.nl

  3. Geart jannewaris 21, 22:30

    Ik fyn Grytsje har ferske moaier as it wurd!

  4. Grytsje febrewaris 10, 07:36

    Dankewol Geart. Wa’t it belústerje wol is snein 27 febrewaris tige wolkom yn de Rotondetsjerke fan Terbant, 15.30 oere by it Fryske dûbelkonsert fan Adri en Grytsje.
    Dan sil it foar it fuotljocht brocht wurde, mei muzyk fan Adri de Boer.
    Mear ynfo http://www.grytsjekingma.nl of http://www.adri-de-boer.nl

  5. Tjitte Wever febrewaris 11, 22:41

    Prachtich wurd, hipperhapke – en it iten dêrfan is op in soad plakken yn’e wrâld in oplossing foar te min iten, op oare plakken foar obesitas en oeral tsjin ynsektepleagen.
    En fansels: dan wurdt it wurd ek brûkt.

    Herlik lokwinske, Atze.
    En Grytsje, wat in nijsgjirrich liet hast skreaun.

  6. Grytsje febrewaris 12, 17:10

    Dankewol Tjitte. Der is yntusken noch in kûplet en in refrein bykommen, de folsleine tekst stiet op myn webside.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.