Emekiro: Baskyske literatuer
Resint ferskynd
AMSTERDAM – Baskyske literatuer is yn ‘e lege lannen amper bekend. De Amsterdamske útjouwerij Zirimiri wol dêr wat oan feroarje en hat sneon de bondel Emekiro presintearre, mei ferhalen fan seis fan de suksesfolste skriuwers út Baskelân, yn it Nederlânsk.
De ferhalen yn Emekiro binne skreaun troch Katixa Agirre, Uxue Alberdi, Kristina Goikoetxea, Karmele Jaio, Jasone Osoro en Eider Rodriguez. De skriuwers diele in leafde foar it absurdistyske en surrealistyske. Se litte in man dy’t seks hat mei in hoer fantasearje oer syn eigen frou. In ferhaal giet oer in bedriuw dêr’t men selsmoarden regelje kin. Wer in oar ferhaal giet oer in Bask dy’t yn Madrid wennet as dêr in bom ûntploft.
De ferhalen binne oerset út it Baskysk, útsein deselden fan Kristina Goikoetxea, dy’t fuort yn it Nederlânsk skreaun binne. De Fryske sjoernalist Onno Falkena hat it boek fan in ynlieding foarsjoen.
Emekiro. Katixa Agirre e.o. (red.), Amsterdam: Zirimiri. ISBN 9789490042028. 160 siden. Priis: € 16,50.