BHPB en Rio buorkje bêst yn it erts
Resint ferskynd
- Britten lilk oer omseagjen ferneamde ‘Robin Hood-beam’ 0
- Jier ekstra wissichheid foar 36 Fryske kulturele ynstellingen 0
- Provinsje stipet sjonger Joost Klein om nei Eurofyzje Sjongfestival 0
- Eland yn Stockholm deasketten nei blokkearjen metro 0
- ‘Etyske ynbraak’ lit sjen dat Siuwsk provinsjehûs net goed befeilige is 0
BHP Billiton hat yn Australië it ôfrûne jier rekôrproduksjes fan izererts helle. Syn healjiersresultaat wie lykwols bot oantaast troch de oerstreamingen yn Queensland, dy’t de kookskoalleproduksje slim belune hawwe. It grutste mynboubedriuw fan ‘e wrâld, ea ûntstien út in fúzje tusken it Britske BHP en it Nederlânske Billiton út Leidschendam, rapportearre rekôrgroei yn net minder as trije ‘commodities’ (ferbrûksartikels) troch harren dielname yn strategyske groeiprojekten.
De izerertsproduksje wie mei 33.7 miljoen ton it lêste fearnsjier heger as it foarrige mei 32.5 miljoen ton. Jierliks produsearret BHPB in goed 148 miljoen ton, foar it grutste part foar de Aziatyske merk.
De produksje fan kookskoallen naam troch it hege wetter yn Queensland ôf mei tritich prosint. Stookkoalleproduksje wie lykwols sa’n seis prosint heger en profitearre fan it úteinsetten fan it MAC20-projekt yn Hunter Valley yn New South Wales en it útwreidzjen fan ‘e Klipspruit-myn yn Súd-Afrika. De ûnbidige Olympic Dam-myn yn Súd-Australië rapportearre rekôrproduksjes oan mealde uranium-, goud- en kopererts.
De frachttreinen fan BHP Pilbara Iron binne fierwei de langste en swierste yn ‘e wrâld. De reis rint fan ‘e minen sa’n 200 kilometer yn it binnenlân nei de kust. Seis lokomotiven (trije foarop, de oaren ferspraat oer de lingte fan ‘e trein) fan elts seistûzen hynstekrêften tôgje de fyftichtûzen ton swiere en hast fjouwer kilometer lange trein mei mear as 350 ertsweinen. Ta fergelyk: eltse ertswein is mei 150 ton like swier as trije dûbeldeksweinen fan in intercity fan ‘e NS.
Ek Rio Tinto hat in nij fearnsjierrekôr oan izerertsproduksje set mei 65 miljoen ton, of 239 miljoen ton it jier. Mar ek dy syn produksje oan kooks is troffen troch deselde floeden yn Queensland. Rio Tinto sil meikoarten de izererstproduksje út de Pilbara ferheegje nei 333 miljoen ton yn 2015. Rio Tinto hat hjir in ynvestearring reservearre fan goed fjouwer miljard euro. Dat, nettsjinsteande de krisis op oare plakken yn ‘e wrâld buorkje dizze bedriuwen de lêste jierren trochgeand tige goed.
As it oer de produksje oan kooks giet is it my net rjocht dúdlik oft it oer it winjen fan stienkoal giet of oer de produksje fan kooks út fette of healfette wetterstofrike koalen troch it hjit meitsjen dêr’t gas by ûntstiet en de koalstofrike fêste stof de kooks ûntstiet.
Sa as ek earder it stedsgas produsearre waard en kooks as brânstof brûkt waard. Hoe sit it krekt?
Der’t kooks stiet hie stean moatten kookskoallen, it giet dêr allinne om it winnen. De produksje fan kooks bart by de stielbedriuwen oeral yn ‘e wrâld, lykas ek yn IJmuiden.