Yndikaasjes klimaatferoaring

desimber 8, 2010 11:26

Tako de Jong boadskippet selektyf yn de knoarre beskikbere klimaatdata en sutelet yn syn lêste ynstjoerde klimaatstik krekt dy út dy’t syn aperte miening oer klimaatferoaring, nammentlik dat der neat fan oan is, lykje te stypjen. Ik sil út ‘e doeken dwaan dat der just in grutte hoemannichte oan yndikaasjes is dat it klimaat al hurd feroaret.

De Jong reagearret op nijs fan de klimaatkonferinsje dy’t op it heden yn Cancún, Meksiko, holden wurdt. De Wrâld Meteorologyske Organisaasje (WMO) liet dêr sjen dat 2010 nei alle gedachten wrâldwiid ien fan de trije waarmste jierren wurde sil sûnt systematyske mjittings yn 1850 útein setten!

De Jong stelt dêr foaroer dat 2010 yn Ljouwert by de trettjin kâldste jierren sûnt 1952 heart en yn De Bilt krekt op de algehiele trochsneedtemperatuer sûnt 1706 útkomt. Omdat De Jong der foar kiest dit jier fan 1 desimber 2009 oant 30 novimber 2010 rinne te litten, nimt er moai ferline winter, dy’t betiid úteinsette, hielendal mei; mar toe mar. De Jongs konklúzje: De Bilt en Ljouwert dogge net mei oan it WMO-ferhaal.

Lykwols stiet yn it parseberjocht fan de WMO plan-út dat 2010 yn beheinde kriten relatyf kâld wie, mei bygelyks de leechste temperatueren sûnt 1996 yn it Feriene Keninkryk, Dútslân, Frankryk en Noarwegen. Boppedat is it WMO-ferhaal folle breder. De WMO hat it net allinne oer fan’t jier, mar ek oer it ôfrûne desennium: dat is wrâldwiid it hytste ea, al 0,46 °C boppe de trochsneed fan 1961 – 1990. Omdat it waar no ienkear ritich is, seit it fansels folle mear as langere perioaden mei alkoar fergelike wurde.

Hoe sit dat dan krekt te uzes? In aardige yndikaasje foar winterkjeld jout it Helmanngetal (H): de som fan alle etmieltrochsneedtemperatueren ûnder it friespunt oer it tiidfek 1 novimber – 31 maart.  Foar De Bilt stean de Hellmangetallen fan alle winters sûnt 1901, mei in dêrút folgjende winterklassifikaasje, op http://www.knmi.nl/klimatologie/lijsten/hellmann.html. Út it oersjoch docht bliken dat wy sûnt 1997 gjin kâlde winter (H>100) mear hân hawwe: 13 jier. In sa lange rite sûnder kâlde winters is yn it neamde tiidrek nea earder foarkaam. Fierders docht bliken dat der fiif bûtenwenstich sêfte winters (H<10) west hawwe dy’t allegearre yn it lêste tredde part fan dat tiidrek falle: 1975, 1989, 1990, 2000 en 2007. Myn konklúzje: Nederlân docht (spitigernôch) knap mei oan it ferhaal fan ‘e WMO.

Dêrnei giet De Jong yn syn ferhanneling fierder mei satellytmjittings, dy’t er – sa blykt út syn eardere ynstjoerings – mear fertrout as lânmjittings. De Jong yllustrearret mei in grafyk syn postulaat dat der yn grutte parten fan de ierde gjin oertsjûgjend opwaarmjen is. Dat docht er frijwat kwalitatyf, sûnder it úteinlike wrâldwide opwaarmjen te kwantifisearjen. Hjir komme de hurde getallen: satelliten mjitte yn trochsneed in wrâldwiid oprinnen fan de luchttemperatuer (yn de troposfear) fan 0,16 oant 0,24 °C it desennium. Dy resultaten wurde befêstige troch mjittings mei waarballonnen: yn trochsneed 0,23 °C temperatuerstiging it desennium.

Neist mjittings op lânoerflak – yndied net altyd like betrouber mar der binne oars wol sokke grutte bulten fan dat de omheechrinnende temperatuertrend der o sa goed út te heljen is – en de satellytmjittings is der noch in slompe oan oare yndikaasjes dat it klimaat hurd opwaarmet (sjoch ek de ôfbylding hjirboppe).

Omheech gean:

  • De luchttemperatueren boppe oseanen;
  • De wettertemperatueren oan it seewetteroerflak;
  • De waarmte-ynhâld fan oseanen (0 – 700 m);
  • It seewetternivo;
  • De dampens (waarmere lucht hâld mear focht fêst).

Omleech gean:

  • De iismassa’s fan gletsjers;
  • De omfieming fan it snietek (maart – april) op it Noardlik Healrûn;
  • De befieming fan it arktysk see-iis.

Hjirûnder in grafyk fan it lêstneamde sinjaal fan klimaatferoaring as foarbyld. Op http://www.ncdc.noaa.gov/bams-state-of-the-climate/2009-time-series/land stean grafiken fan alle oare neamde yndikators.

Omfieming fan it Arktyske see-iis yn septimber

Dat, De Jongs earslingse konklúzje dat de wrâld just ôfkuollet wurdt út noch yn net stipe troch de feiten. Syn teory dat de Noardpoal as it waarmte-fentyl fan de wrâld funksjonearret ûnderbout er allikemin, wylst waarmte-útstrieling út in spesifike krite wei it hielal yn oars maklik troch satelliten op te heinen wêze moatte soe. Oer hoe’t de reine klimaatwittenskip de meganismen efter klimaatferoaring foar it ferstân hat, is te lêzen yn myn eardere ynstjoerings op dit mêd: klimaatunk! en klimaatfeiten.

Nanne Hoekstra

desimber 8, 2010 11:26
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Tako desimber 8, 19:20

    Ik soe neffens Nanne selektyf yn klimaatdata sutele hawwe om myn miening oer klimaatferoaring, nammentlik dat der neat fan oan is, te stypjen. No, ik haw Ljouwert keazen, om’t ik tink dat de measte lêzers hjir tichtby wenje as bygelyks Eindhoven, of in oar plak yn ‘e wrâld dêr’t noch in folle gruttere ôfkuolling plakfûn hat. De Bildt keas ik foar syn lange rige temperatuerdata sûnt 1706, en it is ek net al te fierôf fan Fryslân, alteast op wrâldskaal. It wurdt ek suggerearre dat it ôfkuoljende byld dat ik sjen lit komt troch it kiezen fan begjin en ein fan it jier, dy’t ik lein haw op 1 desimber. No foar Ljouwert makket it begjinpunt neat út foar it byld, it kuollet ôf sûnt 2007. Itselde foar De Bildt. Ik kin it wier net helpe, mar sa binne de getallen no ienris fan it KNMI.

    En ik soe klimaatferoaring ûntkenne? Sitaat út myn stikje: “…de wrâld kuollet nei in rite fan opwaarmjen wer ôf …”. Ûntken ik opwaarmjen? Ik sis, ek al yn eardere stikjes, it klimaat feroaret oanhâldend, it hat noch nea oars west, ek al doe’t der noch gjin minsken wiene. Mar guon alarmisten wolle op politike grûnen it ôfkuoljen tsjin eltse priis yn ‘e dize hâlde.

    It Helmanngetal seit fansels neat oer opwaarmjen of ôfkuoljen, it kin hiel heech wêze, mar mei in hite simmer, hyt foarjier en hjerst der by, kin it jier wol folle hiter yn trochsneed wêze as in jier mei in leech Helmanngetal en in kâlde simmer. Oer selektyf suteljen sprutsen… Mei trochsneed temperatueren oer it jier falt dêrfoaroer net te suteljen, ek dêr kin ik neat oan dwaan, mar dêrom haw ik wol sokke rigen keazen.

    Dan soe ik “frijwat kwalitatyf”, “sûnder opwaarmjen te kwantifisearjen”, yllustrearje dat der yn grutte parten fan ‘e wrâld gjin oertsjûgjend opwaarmjen is. Bêste Nanne, wat kin der no kwalitatyf wêze oan myn grafyk, dy is sa kwantitatyf as eat mar wêze kin. Dat er it opwaarmjen net kwantifisearret, is om’t der gjin opwaarmjen is! Útsein dan it noardlik healrûn en Noardpoal. Mar ek dêr wurdt it sûnt begjin 2010 kâlder. It giele lyntsje is de wrâldstemperatuer. It delgean is noch mar lyts en noch mar sûnt koart, dat is wier en sis ik ek yn myn stikje, mar it giet del. Ik kin der wier neat oan dwaan. It grafykje oer Arktysk see-iis ûnderstreket myn stelling oer it waarmtefentyl Noardpoal. Dat haw ik net sels betocht, mar stiet ek al sûnt de jierren sechstich yn ‘e Encyclopedia Brittannica. En oer selektyf súteljen, wêr is it grafykje oer it Antarktysk see-iis? Fansels nearne, want it wurdt dêr kâlder (ik lit teminsten temperatueren fan beide poalen sjen, dat docht Nanne net). Dat is wat oars as in “beheinde krite”, lykas it klimaatalarmistyske WMO suggerearret. Hielendal as wy sjogge dat it hiele súdlik healrûn en de tropen, dus mei de oseanen der by, ek net opwaarmet sûnt 1979. En dat is al in stik mear as de helte fan ‘e ierde. Ik kin der neat oan dwaan, mar sa is it. No, hoe kin dat allegearre no, CO2 nimt dochs oanhâldend ta?

  2. Nanne desimber 10, 23:27

    De koartkriemige oantsjutting ‘klimaatferoaring’ yn myn ynlieding slacht fansels, lykas dúdliker omskreaun yn ‘e twadde alinea, op it (troch minsken feroarsake) oanhâldende opwaarmjen fan de ierde; dat jo ál ûntkenne, De Jong. Myn kommentaar op jo stik sloech oars net op de kar foar temperatuerrigen fan Ljouwert en De Bilt, dy fyn ik wol logysk. Boppedat ûnderbout de grafyk just it opwaarmjen: nei 1950 gean de temperatueren dúdlik omheech, wylst ek goed te sjen is dat de resinte ôfkuolling binnen de marzjes falt fan de natuerlike fariaasjes om de opgeande trendline hinne.

    Myn kommentaar slacht wol op jo fokus op dat lêste, dêr’t jo in nije trend út ôfliede wolle, mar dat kin mei dy pear jier – sûnt 2007 – gewoan noch net. Troch de grutte natuerlike fariaasje is sels de perioade fan 1995 ôf noch krekt te koart om in statistyk signifikante trend fêst te stellen: dát is wat de fan jo oanhelle ferneamde klimaatprofessor Phil Jones bedoelde. As men in wat grutter part lêst fan it fraachpetear dat de BBC mei him hie, is dat sa dúdlik as wat. Dochs wurdt de opmerking fan Jones, los fan dy kontekst, algeduerigen troch klimaatskeptisy op it aljemint brocht om harren stânpunt krêft by te setten.

    En myn kommentaar slacht ek op it aksint dat jo lizze op it ûnbrekken fan opwaarmjen yn beskate kriten, wylst jo net neame dat de ierde as gehiel bot opwaarmet en dat lêste is neffens my de haadsaak. Ik fyn dat oars wol in moai grafykje, mar it is dochs wier ‘frijwat kwalitatyf’, want ik sjoch gjin y-as. Oer de Súdpoal bestiet ek genôch materiaal dêr’t út bliken docht dat dy opwaarmet. As jo wolle, loegje ik dat op dize side. It is allinnich wol sa dat it see-iis yn dy krite him just útwreidet. Dat sil komme troch mear delslach, feroarsake troch hegere luchttemperatueren; it kin net lizze oan in legere seewettertemperatuer want dy giet yn dat gea just mei 0,17 °C it desennium omheech.

    Dat bringt my noch wer ris op myn foarnaamste kommentaar: de waarmte giet net allinnich mar yn de atmosfear sitten. Nêst de twa sinjalen dêr’t jo mei in klimaatskeptyske bril in ûnderdieltsje fan útfergrutsje om te besykjen dy ûnderút te heljen, binne der dus, lykas ik hjirboppe sjen lit, noch 8 foarname yndikators dy’t allegearre ienriedich wize op in hurd opwaarmjende ierde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.