Suster Von Trapp ferstoarn

desimber 30, 2010 15:08

De âldste suster fan de Von Trapp-Famylje, Agathe, is ferstoarn yn ‘e âldens fan 97 jier. De Von Trapps wennen yn Eastenryk en wienen yn de jierren tritich en fjirtich ferneamd. Yn 1959 waard it ferhaal fan de famylje in musical en yn 1965 waard de famylje ûnstjerlik troch de film The sound of Music. Agatha stie portret foar Liesl, mar moast tajaan dat se gjin Rolf yn har libben hie.

Net alles wat yn de filmferzje barde wie yn it echt ek sa moai of sa dramatysk. De famylje hat altyd muoite hân mei it skript fan de film. Sa fûn Agatha dat har heit fierstente strang makke waard.

No’t de âldste suster ferstoarn is binne der noch fjouwer famyljeleden fan doe oer. Maria von Trapp (96), Rosmarie von Trapp (81), Eleonore ‘Lorli’ von Trapp Campbell (79) en Johannes (71).

desimber 30, 2010 15:08
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Skriuw in reaksje

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.