Oeigoeren weromstjoerd nei Sina

desimber 29, 2010 12:43

Laos hat sân Oeigoeren dy’t fanwege it geweld fan ferline jier flechte wiene, weromstjoerd. It giet om in echtpear mei fiif bern. De sân minsken waarden yn maart al troch de Laotiaanske autoriteiten deportearre. It nijs waard no pas bekend makke. Minskerjochte-organisaasjes sitte yn noed oer harren lot.

Ferline jier foelen der hast twahûndert deaden by deilisskippen tusken Oeigoeren en Han- Sinezen. Oeigoeren binne moslims en etnysk besibbe oan de Turken. Hja foarmje in grutte mearderheid yn Xinjiang, mar nei de komst fan de Han-Sinezen binne se net mear as in grutte minderheid. De feroaring fan dizze gearstalling hat laat ta grutte spanningen tusken de folken.

desimber 29, 2010 12:43
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Skriuw in reaksje

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.