Oarsaak fan eurokrisis?

desimber 7, 2010 14:01

Spekulaasjes tsjin swakke eurolannen lykas Grikelân, Spanje en Portugal binne net de oarsaak fan de eurokrisis. Dy lannen soene sels baat hân hawwe by harren swakke posysje. Dat docht bliken út in rapport fan de Europeeske Kommisje.

Dizze lannen kinne troch spekulearjende belizzers relatyf goedkeap liene, stiet yn it fertroulike rapport dat yn hannen is fan Het Financieele Dagblad. Dy belizzers pandoere derop dat in lân fallyt giet en hawwe der sadwaande belang by dat in eurolân derûnder strûpt. It Europeesk Parlemint wol dat ferbiede.

Neffens de kommisje is der gjin bewiis dat spekulaasjes fan belizzers liede ta hegere rinten foar eurolannen dy’t jild liene wolle. De konklúzje fan it EU-orgaan stiet heaksk op de opfetting fan gâns politisy. Under oaren de Dútske bûnskânselier Angela Merkel en de Frânske presidint Nicolas Sarkozy hawwe derop oanstien om regaad te meitsjen tsjin spekulative belizzers. In mearderheid fan de Twadde Keamer gong der ek fan út, dat sokken de eurokrisis foar it grutste part feroarsake hawwe. De Autoriteit Financiële Markten (AFM) makke earder bekend op fersyk fan CDA-minister Jan Kees de Jager (Finânsjes) ûndersyk te dwaan nei de spekulaasje tsjin de euro. De spekulaasjes soene ûnrêst jaan op de finansjele merken.

De AFM is tsjin in spekulaasjeferbod. Dútslân hat in ferbod op spekulative belizzings oannommen, mar De Jager fielt dêr neat foar. Neffens him liedt sa’n ferbod ta grutte ûnwissens op de finansjele merken.

desimber 7, 2010 14:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.