Oaljepriis nei rekordhichten

desimber 5, 2010 23:08

Oaljeprizen oan wjerskanten fan ‘e Atlantyske oseaan binne koartlyn op rekordhichten sluten. De Europeeske Brent Futures sleat op $ 91,58 it barrel, wylst de West Texas Intermediate sleat op $ 89,35 it barrel (in barrel is in Amerikaanske mjitte en is 42 gallon, en krekt 159 liter). Dit is it heechste nivo sûnt de finansjele krisis. Yn ‘e oanrin nei de krisis hat de priis troch spekulaasje noch folle heger west, op syn heechst is der $ 147,50 betelle foar Brent Crude yn july 2008. De hjoeddeiske prizen binne ferlykber mei dy yn bygelyks 2006. Guon autoriders sille al wol fernommen hawwe dat de priis fan benzine, diesel en gas in goed stik omheech gongen binne.

desimber 5, 2010 23:08
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.