Net ien hoecht dea!

desimber 30, 2010 10:53

It duorret noch in jier of tweintich en dan hoege minsken net mear dea te gean. Mei dizze foarsizzing komt wittenskipper Ray Kurzweil. De wittenskipper is spesjalist op it mêd fan keunstmjittige yntelliginsje. Neffens Kurzweil is oer tweintich jier de wittenskip safier, dat alle organen ferfongen wurde kinne troch keunstmjittige eksimplaren. Hy ferwachtet ek in protte fan nanotechnology. Dizze technology moat derfoar soargje dat it lichem op selnivo reparearre wurde kin. Dan hoege minsken nea âlder te wurden.

It liket op drystmoedich sizzen. Mar Kurzweil wurdt yn akademyske wrâld respektearre. Hy wurdt beskôge as in tige heechbejeftige man. Der wurdt fan him sein dat er de opfolger is fan Einstein en Edisson. Hy hat in hiele list oan doktoraten en wittenskiplike ûnderskiedingen.

desimber 30, 2010 10:53
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Koos Tiemersma desimber 30, 14:39

    De fraach is fansels oft dit werklik foarútgong is of earder in stap tebek…

  2. Wobbe desimber 31, 09:32

    Foarearst hâld ik it der mar op dat Kurzweil syn namme eare oan dwaan woe: hy fertelt in koartswilich (= grappich) ferhaal. Nei alle gedachten is er fan Frysk komôf en sieten de koartswilige genen al yn it laach doe’t Napoleon ús oan in famyljenamme holp. Syn fiere oerpake beseach dat ek as in grap en keas foar de namme Koartswyl. Foar safier bekend komt dy namme yn Fryslân net mear foar.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.