Krystkongres: Duorsume Untwikkelings

desimber 29, 2010 15:25

De provinsje Fryslân hat him no ek mei faasje smiten op de nijste trend fan duorsume ûntjouwing. De provinsje set bygelyks swier yn op wynenerzjy yn ’e mande mei it ryksbelied. Dat die bliken út de presintaasje fan deputearre Hans Konst yn Frjentsjer op it 78ste Krystkongres dat op 27 en 28 desimber organisearre waard troch de Federaasje fan Fryske Studinteferienings.  Tema fan it sympoasium dat lykas ornaris foarfoel yn it romrofte kafee ‘De Bogt fan Guné’ wie diskear nammentlik “Duorsume Ûntwikkelings yn Fryslân”.  It publyk dat foar it grutste part bestie út sa’n santich studinten fan de universiteiten Grins, Wageningen en Ynskedee harke mei ynmoed nei fjouwer sprekkers oer ferskillende aspekten fan it tema.  Hilariteit ûntstie yn it studintefermidden doe’t Konst efkes net op de namme fan in beskate soarte biobrânstof komme koe: “Wat wie dat ek al wer? O ja, alkohol”. Nei Hans Konst spriek Kees van der Bos, in bouboer út Holwert oer EcoLaNa, in gearwurkingsferbân fan bou- en feeboeren oer duorsum buorkjen yn it hege noarden fan Fryslân.

Nei it skoft kaam de seal pas goed los by it ferhaal fan Fred Jansen, in pensionearre geolooch, dy’t foarsitter is fan it “Nationaal Kritisch Platform Windenergie”. Hy joech dúdlik oan neat te sjen yn wynenerzjy. Sels yn’t geunstichste gefal kin wynenerzjy mar maksimaal 0,4% fan it totale enerzjyferlet fan Nederlân opsmite. Boppedat binne der grutte neidielen lykas hoarizonfersmoarging en weardefermindering fan wenten. Neffens him soe it jild dat oan wynenerzjy bestege wurdt, better oan oare foarmen fan alternative enerzjy útjûn wurde kinne. It wie spitich dat Konst doe al fuort wie, dat sadwaande krige hy net de kâns en sprek Jansen tsjin. Jansen kaam by it publyk wol wat al tefolle oer as in missionaris, dy’t ús mei alle geweld oertsjûgje woe fan syn gelyk.

Ta einsluten wie der in lêzing fan Jan van den Berg fan de Stifting Doarpsmûnen Ternaard dy’t in wynpark oprjochtsje wol yn Dongeradiel. De opbringst dêrfan komt te’n goede oan de lokale mienskip. Van den Berg wie wol sa snoad him net útdaagje te litten en gean in debat oan mei Jansen oer it nut fan wynenerzjy.

desimber 29, 2010 15:25
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Skriuw in reaksje

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.