In ferkearsslachtoffer

desimber 30, 2010 16:53

Der leit noch net folle snie mar de marren en fearten binne beferzen. Foar de fiskers ûnder de fûgels duorret de winter al lang genôch. Ek skouwe fûgels, lykas de reiddomp, moatte no har kostje by de minsken sykje. It ferkear is ûnmeilydsum foar dizze bisten. Fan ‘e middei is der ien oanriden by it brechje oer de Leyefeart by Twellegea. It poatsje wie brutsen en hy hat in klap fan in auto hân. “Hy sil wol ûnderweis nei de huzen west ha om dêr syn kostje by elkoar te skarreljen”, neffens fûgelman Jan de Jong fan De Jouwer dy’t wy der oer belle ha. Folle gewicht siet der net mear oan. Spitich, want safolle fan dizze fûgels binne der net.

desimber 30, 2010 16:53
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Skriuw in reaksje

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.