Iensume preesters
Resint ferskynd
BRUSSEL – Kardinaal Godfried Danneels skikt yn dat de roomske tsjerke te min moederaasje mei de slachtoffers fan berneknoeierij hân hat. Danneels wie fan 1980 oant 2010 aartsbiskop fan Mechelen-Brussel. Foar in parlemintêre ûndersykskommisje sei er dat de tsjerke tefolle tocht hie oan de preesters dy’t bûten de streek giene en te min stilstie by it leed fan ‘e bern. Danneels sei fierder dat preesters faak iensum binne en har problemen te min mei-inoar beprate. Dat de tsjerke berneknoeierij as belied hawwe soe dat misbrûk yn ‘e dôfpot dien wurdt ûntstried er lykwols.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje