Ferkeap Tata Nano del mei 85%

desimber 1, 2010 19:18

Tata Motors makke hjoed bekend dat de ferkeap fan ‘e Nano, de goedkeapste auto yn ‘e wrâld, mei 85% omleech gien is yn novimber neffens novimber in jier lyn. De oarsaak dêrfan soe wêze dat mooglike klanten gjin tagong ta finansiering hawwe; yn oare wurden, se kinne it jild net liene. Yn novimber hat Tata Motors mar krekt 509 Nano’s ferkocht.

 

Analisten wize derop dat in rige gefallen fan brânútbraak yn ‘e Nano en it ferheegjen fan ‘e priis likegoed de delgong yn ferkeapsifers feroarsake hawwe. Goed seis brannen binne bekend. Tata hat fergees “safety upgrades” oanbean.

De Nano is sûnt april 2009 yn Yndia te keap foar noch gjin 1700 euro. Ûnderwilens ride der 70.000 fan op de Yndiaaske diken. Dêrfoaroer makket Tata bekend, dat harren opgeande trend fan ferkeap fan Land Rover- en Jaguarmodellen wol trochset hat yn deselde perioade. De Nano is yn Europa noch net te keap, mar in inkeld eksimplaar mei Nederlânsk kenteken is al wol sinjalearre yn ‘e omkriten fan Tata Steel (it eardere Heechovens) yn IJmuiden.

desimber 1, 2010 19:18
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin desimber 1, 22:23

    Dat ding sjocht der ek net út. Dan leaver in goedkeape Fiat Punto ast sa’n lyts bakje ha wolst.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.