De Statenvertaling in symboal fan ienheid?

desimber 18, 2010 08:27

It stribjen nei ienheid yn situaasjes dêr’t minsken ferskillend binne, is net nij. Yn ús tiid like goed as ieuwen tebek. Krekt yn ús tiid soargje migraasjestreamen troch bettere ferfiersmooglikheden foar in multy-kulturele maatskippij: minsken út ferskillende kultueren moatte yn frede mei-inoar libje kinne of net. Is sa’n multy-kulturele mienskip in ferriking foar alle bewenners sawol foar de autochtoane as de allochtoane? Of jout de macht fan it getal de trochslach? Kin de grutste groep by need mei geweld baas bliuwe? Wa moat him oanpasse en hoefier giet dit?
Generaasjes binne grutbrocht mei skiednisûnderwiis dêr’t de striid tsjin Spanje (godstsjinstige ferskillen) breed yn útmetten waard. En krekt yn de 80-jierrige oarloch (1568-1648) waard de bekende Nasjonale Synoade fan Dordrecht (1618-’19) hâlden oer in theologysk probleem dat foar in soad ûnrêst soarge. Net oer it ferskil Roomsk en protestantsk , mar it skeel tusken de heechleararen Arminius en Gomarus en harren meistanners oer it hert fan de ‘nije leare’. De earsten ferlearen de slach en guon foaroanmannen moasten tydlik it lân ferlitte. Twahûndert “ferkearde” dûmny’s waarden út harren amt set. De godstsjinstige en tagelyk ek steatkundige rêst yn de jonge Republyk wie sadwaande wer garandearre. Godstsjinstfrijheid bestie doe noch net, mar net-erkende tsjerklike mienskippen sa as Roomsk-katholiken, Mennisten en Remonstranten mochten allinne temûk byinoar komme yn harren skûltsjerken. Gjin deastraf mear sa as noch yn de 16e ieu, mar feroardiele ta in status fan twadderangs boarger.
Fierder besleat de Synoade 1618-’19 ta in nije bibeloersetting, betelle troch de oerheid. Der waard oanstjoerd op in beskate standerttaal yn de Republyk mei selsstannige gewesten. De sa ûntstiene ‘Statenvertaling’ (1637) spile dan ek in wichtige rol om te kommen ta in gruttere steatkundige ienheid. De taal fan de Steatebibel waard in foarbyld foar gebrûk yn de hegere taaldomeinen. Hoewol’t de Reformaasje foarstanner wie fan it brûken fan de folkstaal yn tsjerke slagge dit net yn it gewest Fryslân. Yn ‘e stêden brûkte de elite doe al in oan it Hollânsk en Brabantsk besibbe stedsfrysk. De gereformearde tsjerken yn Fryslân folgen dêrom de ûntjouwings yn de steat en legitimearren sa de neistribbe nasjonale ienheid op kosten fan it net brûken fan it lân-Frysk , de taal dy’t wy no it Frysk neame.
Koartlyn op 10 en 11 desimber 2010 waard nei hast 400 jier yn Dordrecht wer in Nasjonale Synoade hâlden. Fertsjintwurdigers fan in 52 tsjerkemienskippen kamen byinoar. No net mei as doel inoar te bestriden of de juste lear fêst te stellen, mar om ienheid te belibjen troch omtinken foar wat ferbynt ynstee fan wat ferskilt. It bouwen fan brêgen, no’t yn ús multy-kulturele maatskippij de ienheid hieltyd mear ûnder druk komt te stean. Nijsgjirrich yn dit ferbân wie de taspraak fan minister Donner, dy’t as fertsjintwurdiger fan de oerheid de opstelde Signaaltekst foar de Nederlânske befolking yn ûntfangst naam.
Donner begûn syn taspraak mei te stellen dat yn 1618-’19 de foarfaars byinoar kamen om ienheid te bewurkjen en wol op 2 manieren : a. troch ferkearde (teologyske) opfettings ôf te wizen , b. troch mei in Steatebibel te kommen foar mienskiplik gebrûk. Oer it earste punt wie er net mear tefreden, want it hie twaspjalt brocht troch it útsluten fan de Remonstranten. It folgjende punt wie er wol posityf oer: “De eenheid van de Statenvertaling koesteren we daarentegen nog steeds”. It waard de basis dêr’t ús (skeanprinte TD) taal út groeide en de kracht dy’t ús kultuer foarme hat, sa sei de minister. Hy bedoelde de Hollânske taal en de mei dy taal besibbe kultuer. Foar Hollânsktaligen hat Nederlân mar ien echte taal, de standert en dus jildt syn útspraak ek foar Fryslân nettsjinsteande alle ôfspraken fan it ryk om ek noed te stean foar it Frysk sa as oanjûn yn it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en yn it Ramtferdrach foar minderheden. De minister joech sa wer bewust of ûnbewust in foarbyld fan de tinkwrâld fan de Hollânsktalige mearderheid yn Nederlân : “Ien lân , ien folk, ien taal”.
De Steatebibel hat in grutte ynfloed hân op de ûntstiene standerttaal , letter ek wol it ABN neamd. Oan de groei en bloei fan it Frysk hat dit taal-monumint gjin bydrage levere. Troch it systematysk en konsekwint brûken fan it Hollânsk learden Frysktaligen op it religieuze en oare hegere taaldomein net de eigen taal te brûken. Foar it Latyn kaam it Hollânsk yn ’t plak en dêrmei krige it Frysk amper kânsen foar in goede ûntjouwing. Om God yn it Frysk oan te sprekken slagge de lju net en soks waard boppedat as ûnfatsoenlik belibbe. Yn de yn 2008 útbrochte KFS-bondel Mei it wiffe skip hellet Jan Popkema in foarbyld oan fan Jan Jelles Hof (1872-1958). Doe’t Hof oan tafel in stik út in Frysktalige bibeloersetting foarlies, siet syn mem te skodholjen . It gie har te mâl en rôp : “Och och, wat is ‘t langer benaud! It Onzefader yn it Frysk!” Jan Jelles wist earst neat te sizzen, mar syn jongste suske wie him foar en frege: “Hea mem! Ferstiet ús Leaven Heare dan gjin Frysk”?
Foar de protestanten fan doe, en no noch foar de rjochtse tsjerkemienskippen, is de taal fan de Steatebibel letterlik hillich. Sjoch bygelyks harren fûle krityk op de ‘Herziene Statenvertaling’. Tsjerklik belutsen Frysktaligen sitearje de bibel yn de tale Kanaäns, omdat se de tekst yn eigen taal net leard ha. Op grûn fan de ynhâld fan de bibel kin lykwols net konkludearre wurde, dat yn de Fryske tsjerken it boek fan Heit net yn de taal fan mem brûkt wurde kin. Mar it talige ferfrjemdingsproses hat yn de ôfrûne ieuwen syn wurk dien en deselde minsken dy’t ‘gjin tsjerketsjinsten yn it Frysk lije meie, binne gauris wol foarstanner fan bygelyks it oersetten fan de bibel yn de taal fan de earme folken yn Afrika.
Minister Donner hat gelyk dat de Statebibel ienheid brocht. Mar dan wol de ienheid troch útsluten. Yn ús gefal troch û.o. de Frysktalige mienskip in oarstalige bibel te jaan mei as gefolch ferlies fan eigen taal. Dit yn tsjinstelling mei de ienheid dy’t de Nasjonale Synoade 2010 foarstie: it bouwen fan brêgen en it respekt ha foar de ferskillen. De Steatebibel fan 1637 hat in wichtige faktor west yn de ûntfrysking fan Fryslân en it losweakjen fan de eigen taal. Troch it ferskil yn oantal koe de mearderheid unifoarmiteit oplizze sûnder rekken te hâlden mei de identiteit fan in minderheid.

Th. Dykstra

desimber 18, 2010 08:27
Skriuw in reaksje

1 opmerking

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.