Twataligen ha twa wrâlden

novimber 7, 2010 02:17

CAMBRIDGE – Wa’t minsken waarm meitsje wol foar de Fryske skiednis, it Fryske lânskip of Fryske artysten kin dat better yn it Frysk dwaan as yn it Nederlânsk. Twataligen tinke nammentlik positiver oer Fryske saken as dêr yn it Frysk oer ferteld wurdt.

Dat de taalkar de hâlding fan twatalige harkers sa sterk beynfloedet, is beskreaun troch ûndersiker Oludamini Ogunnaike fan de Amerikaanske Harvard-universiteit. Hy hat twatalige sprekkers út ferskillende lannen in yngewikkelde toets ôfnommen dy’t sjen lit hoe’t se tinke oer persoansnammen dy’t hearre by de kultuer fan har earste en twadde taal. Sprekkers hienen dúdlik mear op mei de kultuer fan har earste taal as de toets ek yn dy taal ôfnommen waard. Marokkanen fûnen Arabyske nammen bygelyks moaier as Frânske wannear’t de toets yn it Arabysk wie. By in Frânsktalige toets wie dat lang sa dúdlik net te fernimmen.

In ferslach fan it ûndersyk fan Ogunnaike en syn meiwurkers is ferskynd yn it tydskrift Journal of Experimental Social Psychology. Klik hjir om in gearfetting te lêzen.

novimber 7, 2010 02:17
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.