It giet net om it Frysk

novimber 25, 2010 18:43

Guon lêzers tinke faaks dat al dy Fryske aksjes derom geane it Frysk te behâlden. Mar dat is net de feitlike oandriuw, dy sit djipper.
It giet der nammentlik om dat elke minske graach as folweardich behannele wurde wol. As der dus yn in seal fol Friezen ien him oppenearret dy’t it net ferstiet en dy’t fynt dat elk him dan mar oanpasse moat, dan is dat djip fernederjend, ek foar dejingen dy’t har skikke. Ferstean my goed: ien dy’t hjir foar de earste kear komt mei bêst wat temjittekommen wurde, mar it keunstke wurdt ek úthelle fan guon dy’t hjir al sawat har hele libben wenje.
In gefolch is wol, dat gâns frysktaligen har sa yn eigen kring weromlûke: komt der in hollânskprater, dan passe se har daliks oan en dy krijt noait de gelegenheid derby te hearren. En dat kin ek tige sear dwaan. En as ik dan binnen in pear jier fan trije los faninoar steande persoanen hear dat se útlake binne om’t se as net-fries Frysk besochten te praten, dan is dat wol djip skrinend.
Wêr’t wy yn dit Fryslân op út moatte, dat is in maatskippij dêr’t it foar àlle ynwenners noflik wenjen is. Dus in maatskippij dêr’t op in foar elk fijne menier meiinoar omgien wurdt. En no wurdt der wolris tocht: “Dy Hollanners wolle altyd foar master opslaan” of “Die Friezen sluiten zich direct in hun eigen kringetje af”, mar it is wolris fan belang om nei te gean wat elk wier wol, dan kinne wy miskien inisjativen nimme om dat oan te pakken, lykas meartalige jûnen.

Ik soe dan foarstelle wolle in enkête fan it folgjende soarte:
– Prate Jo Frysk of Hollânsk?
– Kinne Jo Frysk lêze?
– Kinne Jo Frysk skriuwe?
– Hawwe Jo in kursus “Frysk foar net-Friezen” folge?
– Prate Jo Frysk tsjin hollânsktalige kunde?
– Prate Jo Frysk tsjin frjemden?
– Prate Jo Frysk tsjin frysktalige kunde?
– Binne Jo wolris útlake of oars hûnsk behannele om’t Jo Frysk praatten?
– Binne Jo wolris útlake of oars hûnsk behannele om’t Jo Hollânsk praatten?
– Hoe fine Jo it as Jo yn it Frysk oansprutsen wurde?
– Hoe fine Jo it as Jo yn it Hollânsk oansprutsen wurde?
– Doarre Jo wolris earne net Frysk te praten?
– Fiele Jo Jo wolris ferlegen as Jo it Frysk net machtich binne?
– Hawwe Jo lêst fan isolaasje troch taalferskil?
– Fiele Jo foar inisjativen om dêr wat oan te dwaan?
– Hawwe Jo dêr ideeën foar?
EN DAN WOL YN IN WAT GRUTTER LETTERTYPE!
Pyt

novimber 25, 2010 18:43
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. ReadeKrêft novimber 26, 16:49

    ‘k wenje yn Grins, Grinslân, dêr’t hja der wolris om laitsje dat ik Frysk bin, mar dat makket my neat út. Tsjin in fryske learares soe ik frysk prate kinne, mar alle leksums binne yn’t hollânsk, dus dat is net altyd handich. Mar ik wenje dus net yn it heitelân, dus it is eat oars. 🙂

  2. Jabik novimber 30, 09:10

    Ik bin it mei Pyt iens. De lêste fragen binne eins ek wat bûten de beide ûndersiken fallen fan de Fr. Akadeny. Dit giet wat mear oer de gefoelens fan minsken en dy binne krekt sa belangryk foar it taalgedrach. Skamje, der by hearre wolle, net opfalle wolle, taal brûke doarre ensf. binne miskien wol it meast beskiedend foar dit taalgedrach. Ik haw begrepen dat der wer praat wurdt oer in tredde taalûndersyk. It soe goed wêze as dit soarte fragen der ek yn komme.

  3. Geeske Krol novimber 30, 12:50

    Ik sit wat mei de earste fraach “Prate jo Frysk of Hollânsk”. Us soan wennet yn Brussel en praat altyd Frysk mei de bern en syn frou Flaamsk. Beppe praat dus ek altyd Frysk.
    De bern ( 3 en 5 ) sitte op de skoalle fan de de Vlaamse Gemeenschap. De Frânsktaligen krije mear en mear yn de gaten dat it foar harren bern fan belang is dat se twa- of meartalich opgroeie en dus stjoere se de bern nei Flaamske skoallen. It gefolch is dat der yn de beuker en legere skoalklassen hast de helte fan de bern fan hûs út Frânsk praat. Dat betsjut dat de lieding der goed op tasjen moat dat op de skoalle yndied Nederlânsk praten wurdt. Bring ik op in dei de âldste nei skoalle. Hoe tichter wy by de skoalle kamen hoe stller se waard. Binne wy hast oan de juffer ta seit se ynienen: “Kin beppe ek wol Nederlânsk prate?”

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*