Site www.omropfryslan.nl faai

novimber 3, 2010 00:01

DE HAACH – Regearingspartijen VVD en PVV wolle dat Omrop Fryslân ophâldt mei syn nijssite www.omropfryslan.nl. Neffens de twa rjochtse partijen moat de nijsmerk folslein kommersjeel wurde. Hja binne fan betinken dat it ûnearlike konkurrinsje is as in subsidiearre omrop it nijs bringt. Oare nijssites fan regionale en lanlike publike omroppen soenen ek ferdwine moatte. It giet om bygelyks om www.rtvnoord.nl en www.nos.nl.

It CDA, de tredde regearingspartij, is it foarearst net mei VVD en PVV iens en kiest der net foar om de ynternetredaksjes fan de publike omroppen wurkleas te meitsjen.

novimber 3, 2010 00:01
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin novimber 3, 09:22

    Fuort mei dit regear!

  2. Nanne novimber 3, 22:09

    In nuver idee. Ferslachjouwing oer radio, televyzje en ynternet is ommers o sa effisjint te kombinearjen. As dy symbioaze fuort falt, sil de oerheid jild útsparje mar de boarger betellet skielk de hegere priis yn ‘e foarm fan in minder plurifoarme parse en/of abonnemintsjild foar it nijs op it ynternet.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.