Leararen leare Sealterfrysk

novimber 6, 2010 20:02

Op basisskoallen yn it Sealterlân sil mear mei it Sealterfrysk dien wurde. Dosinte Ingeborg Einhaus út Wittesand wol mei it konsept „It Sealterlân as modelregio foar betide meartaligens“ mear pedagogen yn de basisskoallen en berne-opfang foar it Sealterfrysk kwalifisearje. Einhaus is dosinte oan de Basisskoalle Skäddel en jout dêrneist deskundich advys oer it brûken fan it Sealterfrysk yn it ûnderwiis yn de gemeente Sealterlân.

De Oldenburgische Landschaft en de Ostfriesische Landschaft sille beide meidwaan oan it modelprojekt. Doel fan it projekt is op syn minst ien pedagooch per skoalle op te lieden. Per berne-opfang sille der twa minsken wêze moatte dy’t de oplieding dien hawwe. Ingeborg Einhaus seit: „Wy wolle hiel graach dat de bern de taal leare dy’t foarhinne inkeld in drompel like. It Sealterfrysk wolle wy as ûnderdiel fan ús kultuer bewarje. It learen fan de taal jout in identiteitsgefoel en in bettere bining mei de mienskip.“

Soks is inkeld mooglik as de skoallen mear mei it Sealterfrysk dogge. Dêrby is it de bedoeling dat it Sealterfrysk as omgongstaal en as ynstruksjetaal ynfierd wurdt. Yn de fjouwer basisskoallen yn de gemeente Sealterlân sil dan, útsein by Dútsk en Ingelsk, foar alle fakken it Sealterfrysk as ynstruksjetaal brûkt wurde – ek by wiskunde.

Der sil mei twa basisskoallen begûn wurde, wêrfan’t de dosinten troch in projekt fan de Ostfriesische Landschaft harren oplieding krije. It Kultuerministearje fan de dielsteat Leechsaksen sil de kosten fan de trije en in heal jierrige oplieding betelje. Troch in oar projekt fan de Oldenburgische Landschaft sille de pedagogen fan de fiif pjutteboartersplakken harren oplieding krije. Ingeborg Einhaus seit dat der al njoggen oanmeldingen binne fan pedagogen. It projekt hat in bliuwend en driuwend ferlet fan jild. „Dêrfoar sykje wy noch stipers“, seit Ingeborg Einhaus, dy’t flot en geef Sealterfrysk prate kin. It opliedingsprojekt foar pedagogen sil yn de simmer fan 2011 begjinne.

http://www.nwzonline.de/Region/Kreis/Cloppenburg/Saterland/Artikel/2469856/Lehrer+lernen+Saterfriesisch.html

novimber 6, 2010 20:02
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin novimber 6, 23:47

    Hea, dêr kin it wol!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.