Klimaatûnk faai

Novimber 15, 2010 23:24

Hjoed 15 novimber 2010 hat wittenskipssjoernalist Marcel Crok it earste eksimplaar fan syn nije boek “De staat van het klimaat, een koele blik op een verhit debat” (Útjouwerij Paradigma) oanbean oan Diederik Samson, twadde keamerlid foar PvdA en earder Greenpeace-aksjefierder. Hy hat der fjouwer jier oan arbeide en der in grut tal klimaatwittenskippers oer de hiele wrâld foar ûnderfrege.

Hy observearre yn wittenskiplike rûnten gâns mear twivel oangeande de oarsaak fan it opwaarmjen fan ‘e ierde as it klimaatburo IPCC fan ‘e Feriene Naasjes yn harren reportaazjes suggerearret.  Oer politisy, amtners en natuerbeskermers seit er: “Se litte harren sân yn ‘e eagen struie”. Beëangstigjende klimaatsenario’s fan KNMI, Rykswettersteat en miljeu-amtners soene op driuwsân basearre wêze.

“De modellen geane derfan út dat CO2 de oerhearskjende faktor is by it opwaarmjen en alle oare der hast net ta dogge”, neffens Crok. “Dat lêste is tige ûnwis”, seit er yn in fraachpetear yn de Telegraaf. “Men kin in kompjûter rekkenje litte en it klimaat foar 2050 útrekkenje litte, mar it slacht as in tange op in baarch”. Sa lit er de Amerikaan Roger Pielke yn it boek sizze dat je lokale omstannichheden achtslaan moatte. Bygelyks de graad fan opwaarmjen yn Florida, F.S.,  is nei alle gedachten net troch CO2 feroarsake, mar troch it droechlizzen fan ûnbidige sompen.

Yn in diskusje foar Radio 1 hjoedmiddei achtet Samson it boek yn kwaliteit tige heech (“Het is een goed boek”). It boek hat him sterke yn syn oertsjûging dat de polityk net pretindearje moat dat de wittenskip wis is fan de saak en CO2 as iennichste oarsaak fan it observearre waarmjen sjoen wurde kin. It hat neffens Samson it analytyske tekoartkommen fan de foarsizzings fan it IPCC dúdlik makke.

Dêrfoaroer stiet dat er it net mei de auteur iens is, dat CO2-mitigaasjepolityk gjin doel hat. “Dat kinne wy net noedzje”. Boppedat giet it ek oer enerzjybelied, itensfoarsjenning, ensfh. Crok bringt der tsjin yn dat iensidige fokus op CO2 grutte gefaren hawwe kin en syn doel folslein foarbysjitte kin. It boek wurdt alsa net allinne optein ûntfongen yn rûnten fan saneamde klimaatskeptisy, mar liket hjirmei ek in bydrage te leverjen oan ynhâldlik debat oer in sa wichtige saak.

Novimber 15, 2010 23:24
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Erwin Novimber 16, 16:09

    It soe tiid wurde ek!

  2. Nanne Hoekstra Novimber 21, 13:47

    Mei Samson bin ik it net iens: ik fyn it in boek fan neat. It is ien grutte litany fan klimaatskeptyske arguminten dy’t al lang ûnderút helle binne, flaters yn IPCC-rapporten dy’t neat om ‘e hakken hawwe en suggestive oanhellings mei ferkearde ynterpretaasje út de ferline jier stellen korrespondinsje fan klimaatwittenskippers (wat de skeptisy de ‘climategate’ affêre neame). Salomon Kroonenberg neamt it boek yn syn foaropwurd in ‘page turner’ mar ik kin der min troch hinne komme, sa wurch wurd ik der fan. Wa hellet sokke âlde kij yn ‘e goedichheid nochris fan ‘e stâl? O, de útjouwer is in Maarten Carbo. Mei sa’n namme kinne jo in manuskript dat der foar pleitet ús mar del te lizzen by de ûnûntkomberens fan it noch desennia lang mear oprinnen fan de koalstofemisjes fansels ek net wegerje☺. Behalve dat it kij út in âldsleat binne, wurde se ek nochris klimaatskeptysk-subjektyf ferweide, mei gauris nuvere redenaasjes. In stikmannich foarbylden:
    1. De wittenskip soe der noch lang net út wêze. Fansels binne der in protte dielaspekten dêr’t de wittenskippers noch net genôch fan snappe. Dat jildt ûnderoaren foar de ynfloed fan aerosolen, in ûnderwerp dêr’t Crok ek wakker op omeamelt. Mar alle wichtige prosessen, dêr is de klimaatwittenskip wol út.
    2. In ûnbekende (!) klimaatwittenskipper hat skreaun: ‘we moatte ôf sjen te kommen fan de waarme midsieuske perioade’. Och heden, wat in misdied. Dy perioade wurdt troch klimaatskeptisy algeduerigen op it aljemint brocht. Mar de wittenskippers ha dêr al lang op harren eigen manier mei ôfweefd. De waarme snuorje is ferklearre troch wat mear sinnestrieling en wat minder fulkanyske aktiviteit yn dat tiidrek. Boppedat wie it net oeral op ‘e wrâld sa waarm, der wienen ek kâldere plakken. It liket der op dat it te úzes doe relatyf waarm wie troch oare oseaanstreamings. Lykwols is it op it heden noch waarmer.
    3. De saneamde hockeystik-grafyk (Mann, 1999)), mei hurd oprinnende temperatueren yn it resinte ferline, soe net doge troch ferkearde statistyk dy’t brûkt is foar de data út jierringen fan beammen (McIntyre, 2004); it bekende ferhaal fan de brutsen hockeystik. Dy grafyk is troch oaren reprodusearre (Wahl, 2007), mar neffens Crok hat dat spul ek luzen, krekt as rekonstruksjes út oare data. Crok skood sa yn in pear alinea’s efkes in fracht oan wittenskiplike literatuer de jiske-amer yn. Want der is sa njonkelytsen in komplete ‘hockey-league’ oan lyksoartige grafiken, mei temperatuerrekonstruksjes út in breed ferskaat oan materialen lykas koralen, boarrings, iiskearnen en stalagmiten.
    4. De temperatuerstiging soe wol ris ta ien graad beheind bliuwe kinne om’t der oer it fuortsterkjende effekt fan wetterdamp noch in protte ûnwis wêze soe. Der is just in oerstjalpende hoemannichte data oer it tanimmen fan de fochtigens yn de atmosfear.
    5. De oseanen soenen net mear fierder opwaarmje, sûnt 2004. It giet yn de natuer fansels net yn in streekrjochte line. Oer de koarte perioade fan 2004 ôf is dêrom neat sinnichs te sizzen. Sûnt 1970 binne de oseanen al bot opwaarme.
    6. Der is in see oan oertsjûgjend bewiis fan de ynfloed fan de sinne op it klimaat. Fansels is dy der, dat is in iepen doar. Mar dêr is de hjoeddeistige klimaatferoaring net mei te ferklearjen: de lêste desennia kuolle de sinne wat ôf wylst it klimaat doch waarmer waard.
    7. Yn stêden is de temperatuer heger en troch ferstedsking wurde de mjittings beynfloede. De wittenskippers dogge just alle war dêrfoar te korrizjearjen. Mar dy datamanipulaasjes spuit Crok ek wer raar guod fan. Lykwols binne der genôch waarstasjons op in poerbêst ûnfertocht plak dy’t de temperatuerstigings befêstigje.
    8. De floara en fauna kinne harren wol rêde mei klimaatferoaring, krekt as se earder dien hawwe. Dat is net wier want de feroarings geane no fierstente hurd en dêr komt by dat minsklike aktiviteiten it ferhúzjen yn it paad sitte. It omtinken foar it klimaat soe sels de grutste bedriging wêze foar it biologysk ferskaat omdat der dêrom neat mear dien wurde soe oan de trochgeande destruksje fan libbensgebiet. In net fundearre redenaasje. Wêrom soenen potinsjele budzjetten foar emisjereduksjes en natuer oan elkoar keppele wêze moatte? Boppedat kin it needsaaklike oanpassen oan it feroarjende klimaat fakentiden just krekt effisjint hân yn hân gean mei natuerherstel en –ûntwikkeling. En klimaatadaptaasje, dat is no krekt dêr’t it belied neffens Crok op rjochte wurde moat.
    9. De gletsjers yn ‘e Himalaya binne net al yn 2035 ferdwûn. De bekende flater fan it IPCC. Crok suggerearret dat der wol ris opsetsin fan de belutsen ûndersikers yn it spul wêze kinnen hat om ekstra fûnsen oan te lûken. Soks soe samar kinne, fansels, neat minskliks is wittenskippers frjemd. Mar it ûnlogyske is yn dit gefal dat dy wittenskippers dat hielendal net nedich hienen. De gletsjers rane rûnom yn de wrâld al yn sa’n heech tempo fuort, wêrom soenen jo soks oerdriuwe en dan ek noch ris mei in faktor 25 dy’t altyd wol in kear útkomme moast?
    10. De wreed ferneamde ‘trick to hide the decline’ yn in stellen email fan klimaatwittenskipper Phil Jones. De trúk is wittenskiplik jargon foar in databewurking. En de ôfname gong net oer in temperatuerferleging, lykas de klimaatskeptisy ferline jier mienden en nuver genôch Crok no ek wer ha wol, mar oer de mindere betrouberens fan jierringdata fan nei 1960.
    11. De mindere betrouberens fan jierringen fan beammen foar temperatuerrûzings nei 1960 neamt Crok oars wol en hy ljept fuortendaliks mar nei de konklúzje dat dêr in fûneminteel probleem mei is omdat der gjin dúdlik ferbân wêze soe tusken jierringen en metten temperatuer. Mar tusken 1880 en 1960 wie der wol in streekrjocht ferbân, nei 1960 is dat der net mear foar beammen yn parten fan de wrâld. In foar de hân lizzende ferklearring is dat de beammegroei beynfloede wurdt troch fersmoarging. Crok ferhunet dy hypoteze, mar doch komt dêr hieltyd mear bewiis foar.
    12. It part fan Nederlân ûnder de seespegel is gjin 55 % mar 26 %. Crok bringt it as wie dat flaterke in enoarme dramatisearring fan de situaasje. Allinnich dy 29 % ferskil is it part dat gefaar rint troch rivieren te oerstreamen. It is my allikefolle oft ik fersûp yn swiet of yn sâlt wetter.
    13. Crok fynt klimaat gjin miljeuprobleem want CO2 is gjin fersmoargjende stof. No krije we hielendal de hichte. Neffens dy redenaasje soe it organysk materiaal dat yn de tiid foar de rioelwettersuverings ta soerstofleazens yn it oerflaktewetter en dêrtroch fiskstjerte late ek gjin miljeuprobleem west hawwe, krektlikemin as fosfaat dat algebloei feroarsaket. Foar miljeu-effekten is net allinnich it type stof fan belang, mar benammen ek de hoemannichte. Yn it ljocht fan de hjoeddeistige eangst foar CO2-opslach is dit argumint fan Crok oars ek singelier.
    14. Crok beweart iiskâld dat de technology om de CO2-útsjit te redusearjen der noch net is. Dat is ûnsin. Stúdzjes wize út dat wy by steat binne om de oankommende desennia – rendabel! – oer te skeakeljen op in duorsume enerzjymiks.
    15. De hâlding fan minsken foar it klimaat oer is neffens Crok in kwestje fan libbensfilosofy. ‘Immen dy’t graach risiko’s nimt yn it libben, sil earder it mooglike gefaar fan CO2 akseptearje. Immen dy’t oeral gefaar sjocht, sil himsels fersekerje wolle tsjin de mooglik neidielige gefolgen fan broeikasgassen.’ It ferskil mei de persoanlike libbensfear is fansels dat dy risikosikers allinnich mar harren eigen libben riskeare. Yn dizze kwestje wurdt it fuortbestean fan de hiele ierde der oan weage. Dêr hawwe we mar ien fan en dy is ek fan ús, bangeskiters.

  3. ReadeKrêft Novimber 21, 21:14

    @Arno. Krekt. Wiis en ienfâldich sein.

  4. Erwin Novimber 22, 09:06
  5. Nanne Novimber 22, 22:28

    Dat is in moaie betiizjende ferwizing foar eltsenien dy’t graach op ‘e doele reitsje wol yn dizze komplekse matearje, Erwin ☺. Oaren dy’t der echt wat mear fan witte wolle, kinne sachs ris sjen ûnder https://www.itnijs.frl/2010/11/klimaatunk-2/?mc=3 en https://www.itnijs.frl/2010/11/klimaatfeiten/?mc=3. Dêr haw ik besocht mei fleurige plaatsjes de haadsaken fan de klimaatproblematyk út ‘e doeken te dwaan. Dêrmei is boppesteande ferhanneling faaks better te begripen. Hawar, mei Arno’s konklúzje bin ik wol op it skik.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.