Klimaatûnk!

Novimber 3, 2010 21:40

Prachtich dat Tako de Jong op dizze siden sa’n yngeande ferhanneling (klimaatunk?) hâldt oer syn fisy op ‘e klimaatproblematyk. As de redaksje ús gewurde lit, doch ik graach ek noch efkes mei oan dizze ynhâldlike diskusje. Mei in tal saken dy’t De Jong op it aljemint bringt, kin ik it wol lykfine – sa ergerje ik my ek noch al ris oan it taalgebrûk, hoewol ik my it brûken fan in eigenskipswurd by ‘bewiis’ noch wol yntinke kin, just omdat it systeem kompleks is en gjin reagearbuiske en slutend bewiis lykas by in rjochtbank slim te finen – mar mei de wichtichste konklúzjes just net. De Jong krige kompliminten oer de begryplikens fan syn stik, dat ik sil ek myn bêst dwaan en myn ferhaal yn sa ienfâldich mooglike taal hâlde.

Hoewol ik De Jongs bydrage dêr einliks gjin rjocht mei doch, wol ik dy om reden fan oersichtlikens doch mar gearfetsje mei dat er de hypoteze dat it klimaat troch minsklik tadwaan feroaret foar de hypoteze oer set dat dat net sa is. Dy twadde hypoteze kin ik dan noch wat útwurkje ta de trijetrepsraket dy’t men wol faker heard en dy’t ik ek by De Jong mien te lêzen:

  1. De temperatuer giet net hieltyd mar fierder omheech.
  2. As dat al sa wêze soe, is dat net in gefolch fan minsklik hanneljen mar in natuerlik proses.
  3. Mocht bliken dwaan dat dat wol sa is, dan kinne wy der doch neat mear oan feroarje.

Om by de lêste trep te begjinnen: as wy it klimaat feroare hawwe, dan moatte wy dat yn prinsipe ek weromdraaie kinne. Al is it fansels sa dat der in fikse traachheid yn it systeem sit, want dy koalstof yn de atmosfear reitsje we fuort net wer kwyt; wat in foarname reden is om net te lang te wachtsjen mei maatregels. In moai foarbyld fan wat de minske klearspylje kin, is de oanpak fan it gat yn de oazonlaach. De wrâld hat dêr ienriedigens oer berikt en de freonen (de gloarfluorkoalstofferbinings bedoel ik en dy binne ús kameraden perfoarst net) dy’t de ôfbraak fan de oazon feroarsaakje, binne ferballe en it gat lûkt stadichoan ticht. It kín dus wol. Fansels binne mei de enerzjyfoarsjenning de útienrinnende belangen folle grutter en is it navenant dreger it mei elkoar iens te wurden.

Dan de twadde trep. Sjoch it 1e plaatsje mei it ferrin fan de koaldioksydekonsintraasjes oer de ôfrûne 400.000 jier dat ik fûn. Nim my de tekstuele rombom efkes net kwea ôf, De Jong, mar ek yn sljochtweihinne Frysk moatte wy doch konstatearje dat de konsintraasjes langer aardich omheech gean. Wêr komt sok guod yn ‘e goedichheid allegearre wei? Sjoch dêrfoar it 2e plaatsje. Mar is dat dan net folle minder as wat de natuer allegearre omset? Dy hoemannichten kinne we op it heden aardich rûze en dêrút blykt dat dat yndied sa is, sjoch it 3e plaatsje. Mar de natuerlike prosessen wienen foardat wy de boel yn ‘e bulten joegen yn lykwicht en út dat plaatsje docht bliken dat sa’n bytsje de helte fan de minsklike koaldioksyde yn de atmosfear bliuwt; en dêrtroch sjokselje de CO2-konsintraasje sa njonkelytsen moai wat omheech.

Dat liket my doch al aardich oertsjûgjend, mar der is lykwols mear bewiis. Want oan CO2 is noch wat mear te mjitten as allinnich mar de konsintraasje. Sa kin koalstof bestean út trije ferskillende isotopen. Neist it normale koalstof-12 is koalstof-14 it meast bekend omdat dy stof net stabyl is en derom brûkt wurdt by âlderdomsbepalings. Mar der is ek noch in stabile isotoop koalstof-13, mei 6 protoanen en 7 neutroanen. De beide stabile 12C- en 13C-isotopen komme yn de lucht yn in oare ferhâlding foar as yn planten omdat libben materiaal mear 12C as 13C brûkt. Dat, as it ‘ús’ koalstof is dy´t de stiging feroarsaket, soe de ferskowing nei minder 13CO2 yn de atmosfear gelyk op gean moatte mei de emisjes. En, sa blykt út mjittings dy’t ûnder oaren oan de Grinslanner Waadseekust en op ‘e Noardsee dien wurde, dat is it gefal: sjoch plaatsje 4 (foar in makliker ferliking is de twadde skaal omkeard).

Nei myn betinken ha we no al it motyf, de dieder én it moardwapen. Mar dan wurdt ús noch ûntstriden dat der in lyk is: trep ien. It wie yndied in skoft dreech in trend nei hegere temperatueren te ûnderskieden fan de normale fariaasje yn it waar en de natuerlike klimaatferoaring dy’t feitliks altyd troch giet (we kinne dêrom einliks ek better prate fan fuortsterke klimaatferoaring). Mar it is no sa fier hinne dat it optilt fan de bewizen foar in tige rappe klimaatferoaring: atolbewenners en Eskimo’s dy’t ynienen driigje te fersûpen, teskronfeljende gletsjers, it iene waarmterekord dat it oare jaget, ik ha fan ‘e middei noch op in terraske sitten en gean sa mar troch. Ik sil my hjir dêrom beheine ta twa aktuele bewizen.

Earst ha ‘k ek mar efkes op de webside fan it KNMI sjoen en mei in pear mûsklikken daliks al wer in nagelnij bewiisstik fûn: sjoch plaatsje 5. Dêrút blykt dat der mar twa simmers binne mei minder iis op ‘e Noardpoal as fan’t jier. En dy beide simmers wienen net lang lyn: 2007 en 2008. Slimmer noch: Fan de lêste seis simmers wienen der fiif mei signifikant minder iis as de trochsneed yn de perioade 1979-2000.

Foar myn twadde nije bewiis rop ik de tsjûge fan De Jong nochris op: syn grafyk. Dêr is in dúdlike trendline omheech yn te lûken. Ferlykje mar mei de stipstreek dat de trochsneed oanjout: yn it foarste part fan de grafyk lizze de measte punten dêrûnder, yn it lêste part dêrboppe. De Jong neamt ek dat de trochsneed temperatuer de lêste 30 jier 0,75 ˚C heger leit as de 30 jier dêrfoar mar konsintrearret him fierders doch op de temperatuerôfname fan de lêste jierren. No hoopje ik fan herte dat er gelyk hat en der in trend omleech útein set; ik bin daliks ree en gean út om nije redens. Redens foar optimisme kin ik lykwols perfoarst net út dizze grafyk helje, want de temperatuerdelgong fan de lêste tiid falt spitigernôch net bûten de normale fariaasje. En in perioade fan in pear jier is fierstente koart om konklúzjes oer it klimaat op te basearjen.

Fansels stim ik De Jong mei dat wittenskip gjin demokrasy is en der binne sûnder twifel noch wol prosessen dy’t oer de kop sjoen wurde, yndied omdat it systeem ierde gjin simpel reagearbuiske is; allinnich de kâns dat sokke prosessen sa wichtich binne dat dy fierdere rêde klimaatferoaring mei slimme gefolgen opkeare sille, liket o sa lyts. Mar boargers kinne wol demokratysk beslute hoe’t hja mei dizze ynformaasje omgean. Leauwe we dat omtrint de gânse klimaatwittenskip him fersint, of soenen we dochs mar net ris in kear wat ûndernimme? Want der is fansels noch in oar wichtich ferskil mei De Jongs reagearbuiskes: dêr hawwe we nóch wol in pear fan foar it brekken; fan de grutte reagearbuis dêr’t wy sels yn sitte dus net. Of om in oare metafoar te brûken: sjoch de klimaatstoarje  ris as in busrit troch de bergen. In pear monteurs efteryn is opfallen dat de remmen net doge en fierderop is in ravyn. Wat dogge de passazjiers? In grut part tinkt dat de sjauffeur him der mar mei rêde moat. Oaren diskussearje. Is dat no wol sa mei dy remmen en hawwe dy monteurs dêr einliks wol ferstân fan? We witte ommers net iens goed hoe’t sa’n rem einliks krekt wurket. En dat ravyn, hoe djip is sa’n ding no feitliks? En binne dy hellings no wier sa steil of falt soks wol wat ta? Op himsels legitime fragen, mar ûnderwilens jout de sjauffeur hieltyd mar mear gas…

Op it lêst fan syn stik neamt De Jong CO2-opslach jildfergriemerij en reaget dêrmei daliks klimaatpolityk fan tafel. Mar der binne fansels folle mear klimaatmaatregels mooglik as dy opslach. En as kearnenerzjy en as wynenerzjy op it lân. Bygelyks allinnich al it suniger mei enerzjy omspringe docht fertuten én besparret in protte jild. Mar benammen sille we it skielk ha moatte fan ûnútbrûkbere skjinne enerzjyboarnen, dy’t ek noch ris ekonomysk tige nijsgjirrich wêze kinne. Benammen foar dyjingen dy’t it oandoare en rin dêrmei foarop.

Nanne Hoekstra

 

 

Novimber 3, 2010 21:40
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin Novimber 4, 21:58

    Ik lês:

    ”Dy hoemannichten kinne we op it heden aardich rûze”
    Hjir hie Tako it oer. Dizenige feiten.

    ”’Earst ha ‘k ek mar efkes op de webside fan it KNMI sjoen en mei in pear mûsklikken daliks al wer in nagelnij bewiisstik fûn: sjoch plaatsje 5. Dêrút blykt dat der mar twa simmers binne mei minder iis op ‘e Noardpoal as fan’t jier. En dy beide simmers wienen net lang lyn: 2007 en 2008.”
    Tsja, 2007, 2008 en 2009 binne foar my allegear deselde trend. Miskien soe Tako ferklearje kinne oft der mooglik ek noch mear iis by de poalen komt?

    Bin benijd oft Tako noch antwurdzje sil.

  2. Tako Novimber 5, 09:16

    Nanne, Tige tank foar dyn útwreidige reaksje. Dochst in protte war sjen te litten dat CO2 tanimt en dat it foar in grut part fan minsklike oarsaak is. Dêr binne de measte wittenskippers, en mei harren iksels ek, it oer iens. Ik bestriid it ek net yn myn stikje, likegoed as dat ik dit waarmjen net ûntken of útslút dat CO2 dochs in beskate ynfloed ha kin op globaal klimaat. Ek yn dyn einkonklúzjes kin ik foar in grut part meigean: mear kearnenerzjy en alternativen wannear ekonomysk ferantwurde. Mar dyn stikje lit fierders ek nearne in bewiis sjen dat it opwaarmjen mei CO2 te krijen hat. Myn ferhaal is dat der oare krêften yn it wurk binne dy’t wy alhiel net begripe, lykas de krêft dy’t ús no in goed 2.5 graad tebek set yn noch gjin trije jier.

    Oer seewetterstân en iis moat ik in oare kear mar ris skriuwe, noch ien en oar efkes útsykje. It Arktysk iis is dus wer oan it groeien, en dat past by myn ferhaal dat it sûnt trije jier wer kâlder wurdt. Sokke getallen binne mei satelliten metten, spitigernôch kinne wy net sa fier tebek sjen. En yn de jierren 1920 – 1940 wie der ek net in protte Arktysk iis. Nansen koe yn 1898 mei in kayak oant 800 kilometer fan de noardpoal komme, wylst globale-waarming-aktivist Lewis Gordon Pugh yn 2008 net fierder kaam as 960 km. Ek hjir is it net sa ienfâldich as suggerearre wurdt.

    En oer dyn CO2-grafyk, moatst dy net skuldich meitsje oan it opmingen fan twa getallerigen makke mei twa ferskillende metoaden. En as wy fierder tebek geane yn it geologyske ferline hat CO2 ek folle heger west as hjoed, oan 6000 ppm ta! As de geology ien saak oanwiist is dat CO2 net oan temperatuer te heakjen is, en allinne yn guon perioaden temperatuer folget en net stjoert.

    Ik sil no wurkje oan in stikje oer seewetterstân en Deltawurken, dat is foar ús lân no wichtiger as iis yn it Artktyske.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.