Klimaatfeiten
Resint ferskynd
Eltsenien hat rjocht op in eigen miening, mar net op eigen feiten. Dy ferneamde útspraak fan in Amerikaanske senator hellet Al Gore wol ris oan en dat is skoan te begripen omdat er o sa tapaslik is foar de klimaatdiskusje. Op dizze siden spitst de diskusje him langer benammen ta op de krekte ynfloed fan koaldioksyde op de temperatuer fan de atmosfear (sjoch wittenskiplik rampklimaat en de opmerkings ûnder klimaatunk!). Graach wol ik dêr in pear feiten oer op it aljemint bringe.
Feit is dat de kwantummeganika ús fernijt dat gassen mei 3 atomen en mear in broeikaseffekt fertoane, om’t se de ynfrareade strieling fan de ierde absorbearje (sjoch de ôfbylding hjirboppe). Neist koaldioksyde (CO2) binne bygelyks metaan (CH4), distikstofoksyde (N2O), freonen (gloarfluorkoalstofferbinings) en oazon (O3) ek, en sels folle krêftiger, broeikasgassen. Allinnich fan CO2 is der fierwei it measte yn de atmosfear bedarre. Ôfsjoen dan fan wetterstof; in krêftich natuerlik broeikasgas dêr’t noch folle mear fan is en klimaatskeptisy wize dêr ek graach op; daliks mear oer de bydrage fan dy stof. Mar goed, hoe slim is it effekt fan de CO2-konsintraasje? Leit it net mear foar de hân dat ús grutte kachel, de sinne, in folle gruttere ynfloed hat? It is ommers de sinnestrieling dy’t yn it foarste plak de ierde ferwaarmet en dêrtroch de feroarsaker is fan de ynfrareade útstrieling fan de ierde. En it is in feit dat de sinne-aktiviteit fariearret en dat de tanimming dêrfan in skoft lykop rûn mei de temperatuerferheging hjir op ierde; sjoch ûndersteande grafyk.
Feit is lykwols ek dat út it lêste part fan dy grafyk bliken docht dat de sinne-aktiviteit langer ôfnimt, mar dat krekt it omkearde jildt foar it temperatuerferrin. Guon klimaatskeptisy knippe noch wolris allinne it earste part út boppesteande grafyk en swaaie dêr triomfantelik mei. Soks is fansels klearebarre desynformaasje en ik kin sels net betinke hoe’t sok hâlden en dragen gjin kwea opset wêze kinne soe. Fanwege de grutte fariaasjes yn it deistige waar wurdt sjoen nei trochsneedtemperatueren oer perioaden fan in tal jierren. Mar it is al in feit dat de perioade fan juny 2009 oant maaie 2010 wrâldwiid besjoen de hytste ea metten is.
Feit is fierders dat it absorbearjen fan de ynfrareade strieling yn de dampkring metten wurdt troch sateliten. Yn de grafyk hjirneist is it ferskil yn enerzjy dat de ierdske atmosfear tusken 1970 en 1996 ferliet útsetten tsjin it weachlingterik. Oan de grafyk is te sjen dat de útstrieling yn dat skoft dúdlik minder wurden is op de weachlingten dy’t hearre by in tal spoaregassen. We kinne dêrút konkludearje dat der minder enerzjy útstrielt wurdt en dat it de bekende broeikasgassen binne dy’t dy enerzjy absorbearre hawwe.
De troch de broeikasgassen absorbearre enerzjy moat neffens de teory ek wer frijkomme trochdat dy in de foarm fan waarmtestrieling yn ferskate rjochtings útstjoerd wurdt, foar in part werom nei it ierde-oerflak. Feit is dat dy strieling allikegoed op it ierde-oerflak mjitten wurdt, lykas yn dizze grafyk te sjen is, dêr’t de bekende fertochten wer op in rigele stean. Feit is dat dêrút dúdlik bliken docht dat CO2 de sterkste opwaarmjende wurking hat.
Mar hoe grut is de bydrage fan CO2 oan it opwaarmjen no feitliks? It is net sa maklik om dy sekuer te berekkenjen, eat dêr’t troch klimaatskeptisy algeduerigen op wiisd wurdt. Foar in ferdûbeling fan de CO2-konintraasje op himsels is al 1,2 °C temperatuerstiging berekkene, mar dêr komt noch by dat allerhanne weromkeppelingmeganismen in rol spylje. Sa is wetterdamp it wichtichste broeikasgas en dêrfan komt der mear yn de atmosfear as de temperatuer omheech giet: in positive weromkeppeling. It liket derop dat wetterdamp it opwaarmjen troch oare broeikasgassen nochris sa’n bytsje ferdûbelet.
Ynearsten waard roaid dat de temperatueren by in ferdûbeling fan de CO2-konintraasje likernôch tusken de 2 °C en 4 ½ °C omheech gean, de lêste tiid liket de dêrby rûsde temperatuerstiging nei om ende by 3 °C te konvergearjen. Feit is dat dy rûzings basearre binne op de resultaten fan in grut tal útienrinnende stúdzjes. Dat binne net allinnich modelberekkenings, mar likegoed empiryske (= op ûnderfining grûndearre en dêrút fuortkommende) ûndersikings lykas resinte mjittings, effekten fan fulkanyske erupsjes en data út eardere tiidrekken. It lêste figuerke jout in gearfetsjend oersjoch fan de klimaatgefoeligens (= de temperatuerferoaring by ferdûbeling fan de CO2-konintraasje) dy’t út in tige grut ferskaat oan stúdzjes nei foarren komt. Dêrút docht net allinnich de mjitte fan ûnwissigens yn de rûzings bliken, mar ek de wiidweidige ienriedigens oer de grutte gefoeligens fan it klimaat foar de CO2-konintraasje. En dát is it wichtichste feit.
Nanne Hoekstra






In fersoarge bydrage oan it klimaatdebat, mar in pear essinsjele punten wurde oerslein. De fundamintele fysika doocht fansels, it is it reagearbuiske-ferhaal. Yn it earste plaatsje by punt 3 stiet dat de IR-strieling absorbearre wurdt en waarmte útstjoert nei ûnderen en boppen. In waarmere hegere laach yn de loft is in bewiis fan it meganisme. Desennia fan mjittingen mei hjitteluchtbalonnen hawwe it bestean fan dizze laach nea oantoane kind. Oarsaak is dat de broeikaswaarmte troch konfeksje fan ‘e tropen nei de poalkriten transportearre wurdt, en waarmte feroarsaket troch wetterwolken dy’t waarmte fan ‘e sinne streekrjocht it hielal yn weromstjoere en sa it broeikaswaarmjen tsjingeane. It absorpsjemodel hâldt dêr gjin rekken mei. De temperatuergrafyk fan it twadde plaatsje (reade lyntsje) is bassearre op twifeleftige lânmjittingen en suggestive trochrinnende trochsneden, en doocht dêrtroch net. Ek hat de sinne ús mear te sizzen as allinne solar radiance. Ik sil der ris in útwreidiger stikje oer skriuwe, bassearre op globale satellytmjittingen fan temperatuer.