Heakkekrusen by hûs Lautenbach

novimber 5, 2010 13:55

ÂLDWÂLD – By it hûs fan PVV’er Jan Lautenbach yn Aldwâld binne fannacht heakkekrusen oanbrocht. It giet om in aksje fan de AFA, de Anti Fascistische Actie Fryslân. Op de dyk foar syn hûs, op syn autorút en op in boerd yn de tún binne de heakkekrusen skildere. De foto hjirneist lit de dyk by syn hûs sjen.

Lautenbach hat by de plysje oanjefte dien fan bedriging. Jan Lautenbach stiet op de list fan de PVV foar de kommende Provinsjale Steateferkiezings. Dêrfoar hat er goed 30 jier aktyf west yn de FNP.

(Boarne: Omrop Fryslân)

novimber 5, 2010 13:55
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin novimber 6, 10:42

    Goed wurk! Lang libje de Antyfaksistyske Aksje Fryslân!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.