De Keamer fan Keaphannel oerstallige lúkse

novimber 23, 2010 17:56

Hjoed steane de Keamers fan Keaphannel yn de skynwerper. It liket derop dat in mearderheid yn de 2e Keamer fan betinken is dat de Keamer fan Keaphannel eins in oerstallige lúkse is dêr’t wy bêst sûnder kinne. Fansels roppe de direksjes fan de oanfallen organisaasje dat soks in ramp wêze soe foar it bedriuwslibben. Ik haw dêr sa myn twivels by. Yn alle gefallen kinne in hiel soad stiftings en ferienings wol sûnder de Keamer fan Keaphannel. It kostet se allinne mar jild.

Ferline wike moast ik in nij korps by har ynskriuwe litte. It earste dat dan opfalt is it wat útwrydske gebou. Grutte hallen en treppehuzen dêr’t in frachtwein maklik keare koe. Jo tinke dan wol eefkes: “dit moatte wy mei-inoar bestuiverje”. My sjit dan altyd de dichtrigel yn ‘t sin “waar gouden de portalen zijn, hoe zullen daar de zalen zijn?” Mar hawar: ynskriuwe by in freonlike mynhear. De rekken soe wol tastjoerd wurde. Doe’t dy kaam haw ik my besaud. Njonken it ynskriuwjild moast ek de folle mep ferplichte kontribúsje oer 2010, 2009 en 2008 betelle wurde. Frjemd, dat moat wol in fersin wêze. Wy ha ommers hjerstmis 2010 by de notaris west. Wêrom soene wy dan ek betelje moatte oer 2008 en 2009? It tillefoantsje learde dat it net in fersin wie. Yn de akte stie ommers dat wy al yn 2008 begûn wiene. Protestearje hat gjin sin. Ja mar, wy woene earst sjen oft it korps wol kâns fan slagjen hie! De Keamer fan Keaphannel wol der neat fan witte. Us ferwar dat wy ús dan mar net ynskriuwe litte, jout ek neat. Jo binne ferplichte om jo yn te skriuwen. By in konkurrint is net mooglik want dy is der net. Op de fraach wat wy as korps eins oan de Keamer ha, bliuwt it in skoftsje stil. No wy koene gebrûk meitsje fan de tsjinstferliening fan har. Wat dat foar nut hat foar in korps waard net alhiel dúdlik.

Op de hiemside fan de Keamer sjoch ik dat as ik fan de tsjinsten gebrûk meitsje wol, dat ik dan earst de beurs wer lûke moat. Sa is it maklik om der in moai gebou op nei te hâlden. Om my doeke se de Keamer fan Keaphannel op. Dan binne wy ferlost fan har ferplichte winkelnearing. Boppedat hoech ik my dan net mear steuren oan de frou oan de tillefoan dy’t my altyd twingt om Hollânsk te praten, want kontakt mei it moaie gebou krij ik net mear. Ik moat earst altyd dat minske yn Grins foarby dy’t my nea ferstiet (of ferstean wol). Dêrom fuort mei dy brut. Jabik van der Bij

novimber 23, 2010 17:56
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. mbc84 novimber 23, 21:28

    Wy moasten ús as feriening fan húseigners ek ynskriuwe, en mei weromwurkjende krêft… Dit wie ferplichte steld troch, ien kear riede, De Haach. Ik spui deroer, dy hiele Keamer fan Keaphannel, it kostet allinnich mar jild en je hawwe der neat oan… Se witte wol hoe’t se it jild út jo bûse klopje moatte… Wat moat in feriening fan húseigners no by de KfK???? It is om mislik fan te wurden, de grutste tsjeaven binne de hearen út De Haach wei, sis no sels…

  2. merkbiter novimber 23, 23:09

    Folslein mei iens. Wat earder oft dizze jildklopperij opdoekt wurdt wat better. Jierren lyn al haw ik der in kear west mei ús heit om ús ynskriuwe te litten as ,,vof”. Doe haw ik al sein, hjir kom ik nea wer. Foar it loket moasten wy tiden wachtsje, wylst in oare “amtner” bondels papier siet yn te naaien!! Wat in gepruts!!

  3. Sybren novimber 24, 09:17

    De Keamer fan Keaphannel smyt syn eigen glêzen yn.
    Wat Jabik seit: djoere gebouwen, net klantfreonlik. Foar Fryslân de ferhuzing nei Grins en de opheffing fan de KfK-Fryslân. Ljouwert as filiaal. It Frysk dat in Jan Poepsplak kriget. En boppedat in soad kosten foar in ynstelling dêr’t jo neat fan weromkrije. Ik praat út ûnderfining as bestjoerder fan tal fan ferienings, stiftings en tsjintwurdich in eigen bedriuw.

    As Fryske ûndernimmers, ferienings en stiftings soenen wy better ta kinne op in klup dy’t ús belangen better behertiget op alle nivo’s. Maatwurk.

  4. ReadeKrêft novimber 24, 11:25

    Ik leau, as ik de reaksjes sa lês, dat wy hjir tige bliid mei wêze moatte. Sels moat ik ek sizze: ús heit hat rapportaazjes makke foar in stifting en sels dêrfoar moast er yn ‘e KfK ynskreaun wêze.

  5. Erwin novimber 24, 12:23
  6. Th. Dykstra novimber 26, 11:21

    De Keamer fan Keaphannel is neffens it ferhaal fan Jaap net allinne djoer , eins te djoer troch ûnsinnge rekkens.
    Troch It feit dat se in monopoaljeposysje ynnimme, ha se it brûken fan it Frysk ek altiten tsjin gien. Fryske organisaasjes mochten harren net yn de eigen taal registrearje litte . It koe allinne yn it Hollânsk. As de organisaasje Keamer fan Keaphannel bestean bliuwe wol – en dat wolle organisaasjes eins altyd- dan sille se gau oan it wurk moatte en dúdlik meitsje wat harren besteansrjocht wêze kin en moat.
    Boppedat wie de fúzje mei Grins in gefolch fan it op in te grutte foet libje wolle. Ek hjir wer sjogge wy dat in middel as de Keamer fan Keaphannel in doel op himsels wurdt en sa de mienskip in protte jild kostet. It liket wol wat op de Pruikentijd (18e ieu) : In bepaalde elite soarge der foar dat harren bern (freonen) allegear goed betelle baantsjes krigen . Baantsjes ,’dêr’t neat foar dien hoegde te wurden en ek gjin doel hienen útsein de eigen beurs.

    Us maatskippij wurdt yn syn algemienens djoer troch dizze gong fan saken. Foarbylden : De a-sosjale bonuskultuer yn de bankwrâld en ek it ûnderwiis (nim Dales yn In-Holland , mar ek Stenden Yn Ljouwert) hat ek alles yn him fan it sels ferrykjen op kosten fan de mienskip , wylst de aktiviteiten dat jild net opbringe. In oar foarbyld is ek de weryndieling . As oantoand wurde koe dat finansjeel, demokratysk ensfh. sa’n weryndieling better wêze soe dan is it ynoarder. No is dit net it gefal en wurde besteande ynfra-struktueren ôfbrutsen en komme der nije , djoerdere foar yn it plak. Hoe soe it komme mei de salarissen fan de managers yn gruttere gemeenten as de nije Súdwestergoa? Komme der ek bonussen foar de lju omdat it sa sok dreech en ferantwurdlik wurk wurdt? Wa sil dit bepale? De gemeenteried? Of kinne der oars gjin saakkundige minsken mear fûn wurde, dy’t ree binne de taken foar in normale beleanning op te pakken?

  7. Jabik novimber 30, 09:27

    Oer dy werydieling. De gong fan saken is: wat grutter de gemeente wat heger de leanen fan boargemaster oant de amtners. Dus wa hiene belang by de fúzje? Krekt: it hiele gemeentlike aparaat mei de riedsleden en wethâlders foarop. Ommers yn in grutte gemeente is de fergoeding foar de plússitters ek navenant heger. Wat grutter de gemeente namste mear jo fertsjinje. Dêrom kinne jo sa’n werdyndieling ek mar it bêste regelje tusken twa ferkiezings troch. Dan kinne de boargers gjin roet yn it iten smite. Dêrnei kinne jo as riedsleden wol wer yn koar roppe dat jo sa graach nei de boargers harkje. Sinysk, sil wol.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.