CDA-Steatelid From fuort om PVV

novimber 4, 2010 12:53

LJOUWERT – Jan From stapt út de CDA-fraksje fan de Provinsjale Steaten en jout syn sit ek op. Hy makke dat woansdei bekend yn de Steaten. From kin it net lykfine mei it nije regear fan VVD, CDA en PVV.

From ûnderskreau as ien fan de earsten it manifest tsjin de duldstipe. Hy hat earst ôfwachte hoe’t de polityk yn de praktyk útwurkje soe. From is teloarsteld yn de CDA-politisy. Hy wol net meidwaan oan in polityk systeem dêr’t de PVV in rol yn spilet. Wol bliuwt From lid fan it CDA.

Promininte Fryske CDA-leden fine it spitich dat Jan From út de CDA-fraksje yn Provinsjale Steaten stapt is.

(Boarne: Omrop Fryslân)

novimber 4, 2010 12:53
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin novimber 4, 22:04

    Foar sokke CDA’ers ha ik respekt!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.