Bûsboekje offisjeel ûnder Ried

novimber 5, 2010 18:07

 Hjoed 5 novimber hat om 15.00 oere de offisjele oerdracht plakfûn fan it bûsboekje oan de Ried fan de Fryske Beweging. Dêrmei wurdt de lêste bân mei it Kristlik Frysk Selskip trochsnien dy’t oant no ta de útjouwer en hoeder wie fan it iennichste Frysktalige bûsboekje. Ferstjinwurdigers fan beide organisaasjes ha dizze oerdracht op in feestlike en offisjele wize dien op it Keetwâltsje 1 te Ljouwert.

De edysje 2011 fan it bûsboekje is de lêste dy’t ûnder ferantwurdlikheid fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS) útjûn is. It KFS giet op yn in nije stifting ‘Krúspunt’. De bûsboekjeredaksje, in klup entûsjaste frijwilligers, hat op syk west nei in nije hoeder c.q. útjouwer. De Ried fan de Fryske Beweging is ree fûn om de ferantwurdlikheid oer te nimmen. It bûsboekje moat neffens de Ried yn feilichheid brocht wurde foar de takomst.

De edysje 2011 hat as tema ‘duorsumens’ en stiet fol mei nijsgjirrige stikjes en tips. Sa is der in fraachpetear mei in biologyske boer en ynformaasje oer sparlampen. De provinsje Fryslân fertelt wat hja docht foar mear produksje fan griene enerzjy.

It bûsboekje is yn ’e jierren 70 ûntstien út it idee wei dat it Frysk in folweardige taal is. In bûsboekje is hiel persoanlik, it komt yn ’e rin fan it jier fol te stean mei jins priveesaken, kontaktgegevens fan freonen en tinzen. In protte Friezen fine it gewoan hiel noflik, in Frysk bûsboekje, want it fielt fertroud, sa´n boekje yn jo memmetaal. Dêrom is de redaksje bliid dat de Ried fan de Fryske Beweging it Bûsboekje op ’e noed nimme wol, sadat it bestean bliuwe kin.

Op de foto draacht de foarsitter fan it KFS in doaske mei bûsboekjes oer oan de foarsitter fan de Ried, Jaap van der Bij.

novimber 5, 2010 18:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.