Brief fan de NoardFriezen

novimber 9, 2010 22:14

Achte leden fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân,

Ut ús kontakten mei de Fryske organisaasjes en media docht ús bliken dat de provinsje Fryslân fan doel is te besunigjen op de posten foar de Fryske taal. As fertsjintwurdi-gers fan it Noardfrysk sitte wy dêroer bot yn noed.

Ynfrastruktuer is net allinne in kwestje fan wegen mar hjoed-de-dei benammen ek fan media lykas televyzje, radio en ynternet. Troch satellytferbinings en ynternet kinne oeral yn Fryslân en Nederlân mar ek yn it bûtelân en dêrom ek by ús de Frysktalige programma’s fan Omrop Fryslân ûntfongen wurde. Dit is net allinne fan belang foar de Friezen sels mar ek foar de bekendheid fan it Frysk yn it bûtelân. Boppedat is de byldkwaliteit  fan satellytferbinings wêzentlik better as troch ynternet sûnder breedbân. It beheinen fan útstjoerings oer de satellyt soe in grutte stap tebek wêze. Wy binne dêrom bliid dat de provinsje de subsydzje fan de útstjoerings troch Astra yn stân hâldt foar de kommende jierren.

It behâld fan de Fryske taal hinget derfan ôf oft dy taal brûkt wurdt yn it deistich libben fan bern en jongerein. Dêrom is it sa belangryk dat der benammen by de televyzje Frysktalige berneprogramma’s útstjoerd wurde. Wy geane derfan út dat it provinsjebestjoer him ynset foar it behâld en it befoarderjen fan de Fryske taal. It dwaan en litten fan de provinsje as earste beskermer fan it Frysk hat grutte betsjutting. De útstelde besunigings op de finansjele middels fan Omrop Fryslân betsjutte it ferminderjen fan de sichtberens fan it Frysk en steane dêrmei heaks op de ôfspraken fan it Europeesk Hânfêst foar regionale- en minderheidstalen, dêr’t Nederlân en dêrtroch ek de provinsje him oan ferbûn hat.    

De provinsje Fryslân hat sels de foarstap nommen om yn de Bestjoers-oerienkomst Taal en Kultuer fêst te lizzen dat it Ryk befoarderje sil dat Omrop Fryslân TV op basis fan it Frysk as twadde rykstaal, foldwaande middels hat om in folsleine en alsidige programmearring te realisearjen. Troch it Komitee fan Eksperts fan de Ried fan Europa is der ek ferskate kearen op wiisd, dat hjir oan no ta troch it Ryk net oan foldien is. Yn dat ramt docht it frjemd oan en is it net te leauwen dat de provinsje Fryslân no sels mei in útstel komt om de mooglikheden fan Omrop Frylân te beheinen troch besunigings út te stellen. Wy ha heard dat Fryslân “kulturele haadstêd” wurde wol. It sil dan perfoast gjin oanbefelling wêze as krekt op it meast spesifike kulturele aspekt fan dizze provinsje, de Fryske taal, besunige wurdt.
Wy pleitsje der dan ek mei klam foar dizze besunigings net trochgean te litten.

Thede Boysen, Verein Nordfriesisches Institut
Erk Hassold, Friesenrat
Heinrich Bahnsen, Nordfriesischer Verein
Jörgen Jensen Hahn, Friisk Foriining
Marie Hahn, Rökefloose
Jens Quedens, Öömrang Ferian
Im Auftrag
Manfred C. Nissen, Geschäftsführer Friisk Foriining

————————————

Sehr geehrte Mitglieder der Provinzialstaaten von Fryslân,

durch unsere Kontakte zu Organisationen und Medien in Fryslân haben wir erfahren, dass die Provinz Fryslân beabsichtigt, die Förderungen für die friesische Sprache einzuschränken. Als Vertreter der Nordfriesischen Sprache in der Bundesrepublik Deutschland machen wir uns deswegen große Sorgen.

Zur Infrastruktur einer Region gehören heutzutage nicht nur Straßen und Wege, sondern in sehr hohem Maße auch Medien wie Fernsehen, Radio und das Internet. Mittels Satellitenverbindungen und Internet können überall in Fryslân und den Niederlanden, aber auch im Ausland die Programme von Omrop Fryslân empfangen werden. Das ist nicht nur im Interesse der Friesen selbst, sondern hat auch große Bedeutung für die Wahrnehmung des Friesischen im Ausland. Darüber hinaus ist die Bildqualität der Satellitensendungen wesentlich besser als über das Internet ohne Breitband.  Deshalb würde die Einstellung der Ausstrahlung über Satellit einen erheblichen Rückschritt bedeuten.
Dass der Zuschuss der Provinz an Omrop Fryslân die Ausstrahlung über Astrasatellit für das kommende Jahr sichert, wird von uns begrüßt. Wir möchten jedoch an Sie appellieren, die Förderung darüber hinaus sicher zu stellen, damit die Möglichkeit, über Satelliten friesisches Fernsehen zu empfangen bestehen bleibt.

Der Erhalt der friesischen Sprache hängt nicht zuletzt auch davon ab, ob sie im Leben von Kindern und Jugendlichen vorkommt. Daher ist es von größter Bedeutung, dass es auch – vor allem im Fernsehen – friesischsprachige Kinderprogramme gibt.
Für die Jugend ist friesisch im Internet ebenfalls notwendig. Ein Programm wie “Froeks” sollte darum unserer Meinung nach nicht eingeschränkt werden.

Wir gehen davon aus, dass die Provinzialbehörde die friesische Sprache auch weiterhin erhalten und fördern will, kommt ihr doch als Alleinstellungsmerkmal für die Provinz Fryslân eine sehr große Bedeutung zu. Darüber hinaus bedeuten die beabsichtigten Einschränkungen der Mittel für Omrop Fryslân eine Reduzierung der Präsenz der friesische Sprache und stehen im Widerspruch zur der Europäischen Charta für Regional- oder Minderheitensprachen, die von der niederländischen Regierung unterzeichnet ist und somit auch für die Provinz Fryslân verbindlich ist.

Auf Anregung der Provinz Fryslân ist in der “Bestjoersoerienkomst Taal en Kultuer” mit der Staatsregierung festgelegt worden, dass der Staat darauf einwirken wird, dass Omrop Fryslân TV hinlängliche Mittel zur Verfügung hat, ein vollständiges und allseitiges Programm zu verwirklichen. Der Staat kommt dieser Verpflichtung bisher nicht nach, worauf das Expertenkomitee des Europarates mehrfach hingewiesen hat. Dass jetzt die Provinz Fryslân selbst beabsichtigt, die Möglichkeiten von Omrop Fryslân zu beschränken, wirkt sehr befremdlich.

Wie wir hören, will Fryslân kulturelle Hauptstadt Europas werden. Da wird es sicher keine Empfehlung sein, wenn gerade beim einzig spezifischen kulturellen Aspekt dieser Provinz, der friesischen Sprache, derartige Einsparungen vorgesehen sind. 

Wir treten darum geschlossen dafür ein, diese angekündigten Einsparungen nicht durchzuführen.

Thede Boysen, Verein Nordfriesisches Institut
Erk Hassold, Friesenrat
Heinrich Bahnsen, Nordfriesischer Verein
Jörgen Jensen Hahn, Friisk Foriining
Marie Hahn, Rökefloose
Jens Quedens, Öömrang Ferian

Im Auftrag
Manfred C. Nissen, Geschäftsführer Friisk Foriining

novimber 9, 2010 22:14
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Riemersma desimber 5, 15:36

    Dêr wienen se!
    Ús Noardlike bruorren en susters.
    Op FUEV-kongressen dêr ‘t wy de Ried fan de Fryske beweging fertsjitwurdige mochten, wienen wy Westerlauwersk en Noard-Friezen ek altiten ien front.
    Yn Brussel, yn 2009, waar sein dat beide groepen Friezen twa deiken wienen. De iene fersterke altiten de rêch fan de oare.
    Thede, Jörgen en Manfred: fan in Fries hjirre tige tank.
    Jörgen: “Gut gebrüllt, Löwe”. do witst noch fan Pecs 2006.
    It hat holpen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.