ABP smyt preemje omheech

novimber 25, 2010 18:45

ABP smyt de preemje omheech. ABP is it grutste pensjoenfûns fan Nederlân. De pensjoenpreemjes sille omheech gean mei likernôch 0,1 persint. De preemje fan 1 persint dy’t yn augustus ynfierd is, bliuwt ek. Dat makke it ABP hjoed bekend.

novimber 25, 2010 18:45
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Geeske Krol novimber 26, 16:58

    Net allinne de preemje giet omheech. Der fynt ek gjin yndeksearring plak. Dat betsjut dat de pinsjoenen net meigroeie mei de leanûntwikkeling yn de sektoaren ûnderwiis en oerheid dy ‘t 1,2 % struktureel wie en 0,3 % foar ien kear.

  2. Geeske Krol novimber 28, 16:11

    Noch efkes wer it ABP. Neffens Jean Frijns no heechlearaar belizzingslear oan de VU en fan 1993 oant 2005 direkteur belizzings fan it ABP, is de oerheid mei-ferantwurdlik foar de hjoeddeiske problemen by it ABP. Dêrmei dus ek foar it feit dat de preemjes omheech moatte en de pinsjoenen net meigroeie mei de leanûntwikkeling. De oerheid hat yn de jierren njoggentich sawat 25 miljard út de finansjele reserves fan it ABP weiholden troch jierrenlang te min preemje ôf te dragen oan it ABP. Doe’t it ABP yn 1996 selsstannich waard, wie de achterstân al sa’n 15 miljard. Boppedat is de VUT-regeling foar in grut part finansiere mei jild dat it ABP reservearre hie foar de reguliere pinsjoenen. Dat komt del op sa ‘n 10 miljard. Troch sok hanneljen geane de preemjes no omheech en hat de oerheid de pinsjonearden in stik yndeksearring ûntnadere.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.