Triodos Bank stipet kwaksalvers

oktober 2, 2010 16:39

AMSTERDAM – De Vereniging tegen de Kwakzalverij hat de kwaksalverpriis 2010 takend oan de Triodos Bank. De priis is ornearre foar in persoan of ynstelling dy’t de kwaksalverij yn it ôfrûne jier tige stipe of befoardere hat.

De Triodos Bank stekt jild fan klanten yn ferskate foarmen fan kwaksalverij en benammen yn bedriuwen yn ynstellings dy’t mei antroposofy dwaande hâlde. Dat is in beweging dy’t grou jild fertsjinnet mei it ferkeapjen fan nepgenêsmiddels besteande út ûnwurksume mineralen. Antroposofen hâlde ûnder oaren út dat se in middel tsjin kanker hawwe.

De anty-kwaksalverijferiening neamt it noch slimmer dat de bank jildt jout oan de Homeopaten zonder Grenzen, dy’t in homeopaty-oplieding yn Kenia finansierje. Homeopaty is sabeare wittenskip dy’t fleskes wetter ferkeapet mei it boadskip dat se helpe tsjin allegear krupsjes. De feriening wiist derop dat de bank meihelpt oan it bedriigjen fan de sûnens fan in grut tal Kenianen. Yn it dokterstydskrift Medisch Contact waard de aksje fan de Triodos Bank “misdadige hulp” neamd.

oktober 2, 2010 16:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.